Albert Göring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 15 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q62537
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Reference with punctuation (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 13:
Albert Göring hat in protte lju it lân út holpen. Syn âld wurkjouwer, de filmprodusint [[Oskar Pilzer]], wie Joadsk en doe't dy arrestearre waard brûkte Göring syn ynfloed om him en syn famylje it lân út te krijen. Doe't de ferneamde komponist [[Franz Lehár]] troch de autoriteiten bedrige waard omdat syn frou joadsk wie, regele Göring in [[Aryske ras|Ariër]]-status foar har. In tankbere Lehár droech letter in komposysje oan him op.
 
Letter ferhuze Göring nei [[Pilsen]] dêr't er eksportmanager yn de [[Škoda Auto|Škoda]]-fabryk waard. Dêr moedige hy [[sabotaazje]]aktiviteiten fan it personeel oan. Sa koe it barre day in ynwenner fan [[Rochester (Ingelân)|Rochester]] nei in bombardemint in "[[bom (wapen)|bom]]" út it Škoda-fabryk fûn dy't mei sân fold wie.<ref>[http://www.bbc.co.uk/ww2peopleswar/stories/78/a3335078.shtml WW2 People's War - Getting By in Wartime Rochester], [[British Broadcasting Corporation|BBC]], 27 nov. 2004</ref>. Ek hat er yn alle gefallen ienris in frachtwein nei in [[konsintraasjekamp]] stjoerd ûnder it mom dat der grut ferlet fan arbeiders foar syn fabryk wienedich. In grut tal finzenen waard him oerdroegen en dy waarden letter djip yn de bosk troch him frijlitten.
 
Albert Göring pleite geregeldwei by syn broer foar frijlitting as in bettere behanneling fan yndividuele joaden en dissidinten. Dy joech der faak oan ta, miskyn om Albert sjen te litten hoe folle macht dat hy hie, mar faaks hat it foar Hermann ek in moaie oanlieding west om de macht fan syn konkurinten [[Reinhard Heydrich]] en [[Heinrich Himmler]] te beheinen.