3 Barûch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Headlines start with three "=" (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 1:
'''''3 Barûch''''', ek wol bekend as de '''''Grykske Iepenbiering fan Barûch''''', is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[religy|religieus]] [[joadendom|joadsk]] geskrift, besibbe oan it [[Alde Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is in [[pseudepigraaf|pseudepigrafyske]] tekst ûnder de namme fan [[Baruch ben Neriah]], dy't yn it Alde Testamint omskreaun wurdt as de learling en klerk fan 'e [[profeet]] [[Jeremia (profeet)|Jeremia]]. Yn it echt is ''3 Barûch'' it wurk fan ien of mear anomime [[skriuwer]]s, en datearret it yn elts gefal fan nei de ferwuostging fan 'e [[Timpel fan Jeruzalim]] troch de [[Romeinske Ryk|Romeinen]], yn it jier [[70]], en wierskynlik fan koart nei [[130]], al miene guon saakkundigen dat syn oarsprong noch folle letter, yn 'e [[trêde ieu]], socht wurde moat.
 
===Oerlevering===
''3 Barûch'', dat net betize wurde moat mei it deuterokanonike ''[[1 Barûch]]'' of mei de besibbe apokrife geskriften ''[[2 Barûch]]'' en ''[[4 Barûch]]'', is benammen oerlevere yn guon [[Gryksk]]talige manuskripten, wylst der ek in pear eksimplaren fan bewarre bleaun binne yn it [[Aldtsjerkeslavysk]], de eardere [[deade taal|deade]] [[tsjerketaal]] fan 'e [[Slavyske folken|Slavyske]] [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse tsjerken]]. Dêrby is opfallend dat de Grykske hânskriften in [[kristendom|kristlike]] toansetting hawwe dy't yn 'e Aldtsjerkeslavyske teksten ûntbrekt, wat derop wiist dat de oerlevere Grykske foarm in lettere werskriuwing troch in kristlik auteur is.
 
===Ynhâld===
Krekt as ''2 Barûch'' giet ''3 Barûch'' yn op 'e steat fan [[Jeruzalim]] nei de ferwuostging fan dy stêd en syn timpel troch de [[Babyloanje|Babyloanyske]] kening [[Nebûkadnêzer II]], yn 586 f.Kr. En krekt as yn it gefal fan ''2 Barûch'' binne [[teolooch|teologen]] en bibelwittenskippers ek hjir fan tinken dat dat eins symboal stiet foar de ferwuostging fan Jeruzalim troch de Romeinen yn [[70]] n.Kr. ''3 Barûch'' pleatst dit kommentaar yn it ramt fan in mystyk fizioen dat Baruch ben Neriah ûndergiet, en wêryn't er opnommen en rûnlâat wurdt yn 'e earste fjouwer (fan yn totaal sân) [[himel]]s, en alle wûnders toand wurdt dy't dêr te sjen binne. Wat de sintrale tematyk fan it boek oangiet, wol ''3 Barûch'' hawwe dat de Timpel beholden is yn 'e himel en dêr folslein funksjonearret en yn wurking holden wurdt troch [[ingel]]s, sadat der gjin needsaak is om 'e ierdske timpel wer op te bouwen (wat moai útkaam, want dat wie de [[Joaden]] troch de Romeinen ferbean). Teffens komt de fraach oan 'e oarder wêrom't [[God]] rjochtfeardigen lije lit, en it antwurd dêrop dat ''3 Barûch'' biedt, is in fizioen fan in hjirneimels wêryn't sûnders harren fertsjinne straf krije en frommen rjochtlik beleanne wurde.