Cees Andriesse: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2649171
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Reference with punctuation (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 6:
 
== Undersyk ==
Dêrnei wurke hy by de Kapteyn Stjerrewacht yn [[Roan]], ûnderdiel fan de [[Ryksuniversiteit Grins]]. Yn [[1978]] berekkene hy as earste de strieling fan ynterstellêr stof mei in fluktuearjende temperatuer.<ref>''[http://adsabs.harvard.edu/abs/1978A%26A....66..169A Platt Particles in M17?]''</ref>. Pas nei de ieuwiksel koe út ynfraread - waarnimmingen yn de romte ôflaat wurde dat it troch him berekkene spektrum karakteristyk is foar alle stjerrestelsels. Yn [[1979]] kaam hy mei in teory foar it massaferlies fan [[stjer]]ren.<ref>''[http://adsabs.harvard.edu/abs/1979Ap%26SS..61..205A Fluctuation Theory of the Mass Flux from the Stars]''</ref>.
=== Fluktuaasjeteory ===
Klassyk binne der twa ferklearrings foar it massaferlies fan stjerren troch stjerwyn. By stjerren mei in grutte ljochtsterkte is strielingsdruk de driuwende krêft; by swakkere stjerren as de [[sinne]] wurdt de [[sinnewyn|stjerwyn]] dreaun troch meganyske effekten as skokweagen of magnetyske fjilden. Oant hokker nivo de stjerwyn oanboazet, is ôfhinklik fan tafallige eigenskippen fan it meganisme. De sterkte fan de wyn is net ienfâldich yn ferbân te bringen mei de basiseigenskippen fan de stjer ([[massa]], striel, ljochtsterkte).
Rigel 12:
De fluktuaasjeteory fan Andriesse is op te fetsjen as in omklaaiïng om de twa neamde teoryen. Om hokker teory dy omklaaiïng hinnesit, docht der net safolle ta, mits dat meganisme oan bepaalde easken foldocht. Sa moat de stjerwyn de foarm hawwe fan pufkes dy’t sa útsprutsen binne, dat se it lykwicht fan de stjer as gehiel oantaaste. Pas nei ’t ferheljen fan it lykwicht kin in folgjend pufke plakfine.
 
Andriesse syn fluktuaasjeteory wit wol in ferbân te lizzen tusken de sterkte fan de stjerwyn en de basiseigenskippen fan de stjer. Omklaaiende teoryen lykas dy binne yn de [[stjerrekunde]] lykwols ûngewoan. Fluktuaasjes wurde ek earder fuort tocht, dan se as útgongspunt te nimmen. Doe’t de fluktuaasjeteory, dy’t Andriesse noch hieltyd as syn beste prestaasje beskôget,<ref>A.J. Köbben & H. Tromp, De onwelkome boodschap, Mets, Amsterdam (1999) p 73: In Groningen ontwikkelt hij [Andriesse] theoretische ideeën die hem grote voldoening geven en waarover hij zich later nog in lyrische termen uitlaat … ‘het beste dat ik gepresteerd heb.’</ref>, ûnfoldwaande oansloech, ferliet hy in [[1980]] teloarsteld de stjerrekunde.
 
=== Kearnenerzjy ===
Rigel 18:
 
== Heechlearaar ==
Yn [[1989]] waard Andriesse [[heechlearaar|bûtengewoan heechlearaar]] yn de [[elektrisiteit]]sfoarsjenning oan de Ryks[[universiteit]] [[Utert (stêd)|Utert]], betelle troch de KEMA. Der ûntstie ophef, doe’t hy him yn de eagen fan de KEMA te negatyf útliet oer de feiligens fan kearnsintrales.<ref>''[http://www.ru.nl/vawo/postdocs/artikelen/groeneamsterdammer-de_etalageprofessor.htm De etalageprofessor]''</ref>. Uteinlik ûntsnapte hy oan it konflikt troch yn Utert gewoan heechlearaar enerzjyfysika te wurden. Yn dizze funksje socht hy ûnder oaren út wêrom't [[plant]]en in stik minder enerzjy út sinneljocht helje as [[sinne-enerzjy|sinnesellen]]. De oan- en ôffier fan stof ([[molekule]]n) binnenyn plantesellen is de knipe.<ref>''[http://cdandriesse.net63.net/publicaties/photosynthesis.pdf Minimum entropy production in photosynthesis (pdf)] [http://pimvantend.site50.net/cda/nabla.html naschrift]''</ref>. Foar it ECN die hy ûndersyk nei de Hegetemperatuerreaktor.<ref>''[http://www.ravagedigitaal.org/1997/227/Het_einde_van_d227.htm Het einde van de HTR?]''</ref>. Yn [[2002]] gie hy mei emeritaat. Dêrnei wie hy noch aktyf by it ynstitút foar de [[Skiednis]] en Grûnslaggen fan de [[Wiskunde]] en Natuerwittenskippen (IGG) fan de Universiteit Utert.
 
== Publyk debat ==
Prof. dr. yr. Andriesse hat him hiel wat kearen yn it publyk debat jûn. Begjin [[2007]] liet hy syn twivels út oer de wize hoe’t it bedriuw Urenco omgie mei radio-aktyf ôffal.<ref>[http://www.trouw.nl/tr/nl/4324/nieuws/article/detail/1350560/2007/01/28/rsquo-Urenco-dumpt-nucleair-afval-in-Rusland-rsquo.dhtml Urenco dumpt nucleair afval in Rusland, 29 jannewaris 2007, Trouw]</ref>. Ein 2007 naam hy it op foar de Nobelpriiswinner Peter Debye, doe’t der twivels opkamen oer syn hâlden en dragen yn [[nazy-Dútslân]]. Nei it kearnûngelok fan Fukushima yn [[2011]], sei er yn it radioprogramma Argos dat de kearnsintrale fan [[Borsele|Borssele]] yn it ferline mear as ien kear oan in ramp ûntsnapt<ref>[http://www.volkskrant.nl/vk/nl/2664/Nieuws/article/detail/1865355/2011/03/26/Borssele-meermaals-ontsnapt-aan-ramp.dhtml Borssele meermaals ontsnapt aan ramp, 26 maart 2011, Volkskrant]</ref> wie.
 
== Boeken ==