Bretonne pie noir: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q2924579 (translate me)
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Reference with punctuation (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 2:
De '''Bretonne pie noir''' (gjin "e" efter noir) is in âld [[Frankryk|Frânsk]] [[Ko|koweras]].
 
It ras stammet ôf fan it [[Kelten|Keltysk]] fee en bedarre al yn de lette [[Aldheid]] yn [[Bretanje (skiereilân)|Bretanje]], sa lang lyn dat it ras as lânseigen beskôge wurdt.<ref>[http://www.bretonnepienoir.com/historique.php Bretonne Pie Noire : la vache au naturel]</ref>.
 
De Bretonne is in frijwat behindich dûbelddoelras, it wurdt hâlden foar it fleis en de molke, mar yn it foarste plak foar de molke. De ko produsearret sa'n 3600 kg molke de laktaasjeperioade. De molke hat in fethalte fan 43 g/l en in aaiwytgehalte fan 34.9 g/l. De ko hat in trochsneed skofthichte fan 1.17 m en waacht trochstrings in 350 oant 450 kg. De bolle wurdt 1.23 m heech en sa'n 600 kg swier.