Douwe Sirtema fan Grovestins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 2 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2221264
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Reference with punctuation (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 10:
==Grovestins oan it steedhâlderlik hof==
[[Ofbyld:Garde du corps Louis XVI.jpg|thumb|''Garde du corps'']]
Yn 1738 waard Grovestins [[keamerhear]] en yn 1741 kolonel fan it ''[[Liifwacht|Gardes du Corps]]''. Itselde jier waard er foarút stjoerd nei Hannover om in besite fan Anna oan har heit [[George II fan Ingelân]], mei wa't hja al jierren skeel hie, mooglik te meitsjen.<ref>Geyl, P. (1924) ''Willem IV en Engeland tot 1748 (Vrede fan Aken)'', s. 69 </ref> Yn 1746 waard er beneamd ta [[heechste stâlmaster]] fan de steedhâlder, opfolger fan syn broer dy't fanwege in oplichtingsaak syn funksje oerjaan moast.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel I, d. 35; deel IV, s. 110.</ref> Grovestins like wol berne foar it hof: úté heine te brûken, fatsoenlik, noflik yn de omgong ,<ref>''Nassau en de macht van Oranje: de strijd van de Friese Nassaus voor hun ...'' troch Marijke Bruggeman [http://books.google.nl/books?id=p_XCGZLCTE4C&pg=PA40&lpg=PA40&dq=Sinolt+Schutz+Grovestins&source=bl&ots=dq74cTiAfm&sig=-xO5fvko4VrjwDn1jN41F7zTgdM&hl=nl&ei=45xFTKC3L5T9sQa06_WhAQ&sa=X&oi=book_result&ct=result&resnum=4&ved=0CCMQ6AEwAw#v=onepage&q&f=false] </ref>, mar yn jildsaken koe men net fan him op oan.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, diel I, p. 68.</ref> Doe't yn [[1747]] in ein kaam wie oan it [[Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek]] ferhúze it hof fan Ljouwert nei de Haach. Nei de dea fan Willem IV naam de hoflike en fleurige Grovestins in wichtich plak yn; eltse dei gie er oardeloere by de prinses op besit.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, p. 99.</ref> Hy waard belutsen by it opbringen fan prinses [[Karolina fan Oranje-Nassau]] en [[Willem V fan Oranje-Nassau|prins Willem V]].<ref>W.R.D. van Oostrum, ''Juliana Cornelia de Lannoy (1738-1782): ambitieus, vrijmoedig en gevat'' (1999) p. 287. ISBN 906550057X.</ref> De prinses is wol omskreau as ritich, frjemd, grutsk, ferheftich, fals, healwiis en idel en der waard besocht om de hartoch as steedhâlder te beneamen want prinses Anna, dy't as absolutistysk en willekeurich bekend stie, waard beynfloede troch de Fryske kabaal.<ref>Nijhoff, D.C. (1889) De hartoch fan Brunswyk, s. 27, 31, 33 </ref>
 
Yn 1751 liet Grovestins deistich jild oermeitsje nei Ingelân.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, d. 76.</ref> Pas yn 1758 waard bekend dat hy yn it ferline winst makke hie troch hynders út de steedhâlderlike stâl te ferkeapjen en dy dêrnei op kosten fan de prins wer werom te keapjen.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 125, 280, 290.</ref> Dat noaske de tsien jier âlde prins [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]] net; dy woe Grovestins ferfolgje litte en rôp dat er mei "earlike lju" omgean woe. Boppedat kaam it út dat Grovestins yntime relaasjes ûnderhold mei in man en dat er as kommandant fan "gardes du corps" 24 stuorren wyks efterholden hie, op de uniformen koper ynstee fan goud brûkt hie en 44 man minder yn de liifwacht opnaam hie as dat moatten hie.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 156.</ref> Dêrneist waard er beskuldige fan it ferkeapjen fan in iepenbier amt om der sels better fan te wurden doe't er yn 1756 it gûverneurskip fan [[Seylon (VOC-gebiet)|Seylon]] foar 70.000 gûne ferkocht hawwe soe oan in freon.<ref>[[Jonathan Israel|J. Israel]] (1995) ''The Dutch Republic, its rise, greatness and fall, 1477-1806'', s. 1082 (ISBN 0-19-873072-1 hardcover, ISBN 0-19-820734-4 paperback)</ref> It soe gean om Jan Schreuder, in Hamburger en ea begûn as gewoan soldaat, dy't yn 1756 aas gûverneur op Seylon beneamd waard <ref>Wijnaendts van Resandt (1944), ''De gezaghebbers der Oost-Indische Compagnie op hare buiten-comptoiren in Azië'', s. 79.</ref> en yn 1761 wer nei Batavia ferhúze. Syn ferbliuw fan fiif jier soe neffens tiidgenoaten 625.000 oant 750.000 gûne opsmite hawwe kinnen ;<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 181. </ref>; Schreuder soe as Ried fan Ynje "mar" 4.000 gûne it jier fertsjinne hawwe. It is net dúdlik wat Grovestins it rjocht joech dyn funksje te ferkeapjen. It liket dêrop dat er gjin [[bewâldfierder]] wie, mar faaks fungearre er as tuskenpersoan; de [[Hearen XVII]], dy't har net graach de lampe útslaan lieten, hawwe dy beneaming wol bekrêftige.
 
Omdat Grovestins tige goed mei de prinses koe, kamen der praatsjes yn de wrâld. Mei oare út Fryslân meireizge adviseurs sa as Jan de Back en [[Gemme Onuphrius fan Burmania]] krige Grovestins skeel mei de Hollânske adel, ûnder oaren mei de kundige [[Willem Bentinck|Willem graaf Bentinck van Rhoon]], dy't sels graach de haadrol spylje woe. Yn 1758 bea Grovestins oan om fuort te gean at er earne kommandan wurde koe.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 140.</ref> Yn 1759 knibbele syn frou, Catharina Sinolt von Schutz,<ref name=RKD/>, foar de [[Loadewyk Ernst fan Brunswyk-Lüneburch-Bevern|hartoch fan Brunswyk]] en frege om har man net te ferfolgjen omdat de famylje dan ruïnearre wurde soe. Loadewyk Ernst andere dat as jo jild yn Londen, Parys en Feneesje útstean hawwe, dat it allegear wol wat meifolle soe. Grovestins en syn soan namen ôfskied fan it korps en setten ôf nei Aken, faaks om te kueren, wis is it net.<ref>Gedenkschriften van G.J. Hardenbroek, deel I, s. 152. </ref>
De leiding fan de FrYske kabaal waard oernaam troch syn neef Onno Zwier fan Haren, in loskop. Ek hy moast it ôflizze tsjin Bentinck van Rhoon en de (grouwe) hartoch.