Douwe Kalma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Reference with punctuation (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 16:
Tekenjend foar de groep wie harren oriïntaasje. Under it motto ‘Fryslân en de wrâld’ sette Kalma Fryslân del as ûnderdiel fan in [[Noardsee]]kultuer. Fryslân soe in brêgefunksje ferfolje moatte tusken de besibbe [[Ingelsk]]e en de [[Skandinaavje|Skandinavyske kultueren]]. Yn dizze tiid organisearre de Jongfryske Mienskip alle jierren simmerkampen, dy’t op in [[waadeilannen|waadeilân]] hâlden waarden. Dat wie in nij fenomeen foar dy tiid. Op dy kampen liezen de Jongfriezen allerhanne heechsteande ynternasjonale literatuer. Dêr spilen hja ek toanielstikken dy’t Kalma skreaun hie – gauris keningsdrama’s – en songen lieten dy’t spesjaal foar de gelegenheid skreaun wiene.
 
Kalma, dy’t frijwat maklik spul krige, wie better yn it betinken fan plannen as yn it trochsetten en foltôgjen derfan. Dochs is de list mei inisjativen dy't er, mei syn Jongfryske Mienskip, iepentearde, lang. Hy wie bygelyks de earste persoan dy't in offisjeel Frysktalich literêr tydskrift opsette: Frisia ([[1917]]). As mei-oprjochter fan de [[Afûk]] (Algemiene Fryske Underwiiskommisje, op dit stuit fêstige yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]) en as skriuwer fan boeken en tydskriften oer taalbefoardering en taalsuveringsboekjes, holp er de Fryske skriuwtaal fierder út te bouwen. Hy besocht de Fryske taal mear yn it leger ûnderwiis en heger ûnderwiis te ferwurkjen. Ek skreau er de earste Frysktalige [[dissertaasje]] ([[1938]]) ,<ref>Kalma syn promotor wie [[Johannes Marie Neele Kapteyn|J. M. N. Kapteyn]]</ref>, dat oer de dichter [[Gysbert Japiks]] gie. Ek sette er de hiele [[Shakespeare]] yn it Frysk oer en skreau as earste in Fryske literatuerskiednis dy’t wat omfang hie. Kalma makke ek oersettings fan it wurk fan [[Percy Bysshe Shelley]]: ''[[Adonéïs]]'' (1916), ''[[Alastor]]'' (1918, mei [[Rinke Tolman]]), letter soene ''Kening Finn'' (1937) en ''De Pearel'' (1938) folgje.
 
Al dy inisjativen, ek troch oaren fierd droegen, wiene foar it súkses fan de [[Fryske taal]] en literatuer tige wichtich. Foar al dy ynspannings stiet oer dat de idele Kalma út polityk perspektyf wei in swalker en in rûzjemakker wie. Syn anty-[[Hollân]]ske sentiminten waarden troch in mannichien stipe en oernommen, en joegen sa in rjochting oan de Fryske beweging. Uteinlik late dat ta in oarloch. Kalma sleat him yn it [[ynterbellum]] hieltyd wer by oare partijen oan, om úteinlik yn [[1940]], te einigjen by de faksistyske [[Fryske Folkspartij]] en mei te dwaan oan it wurk fan [[Stichting Saxo-Frisia]]. Teffens wie Kalma ien fan de leden fan in Fryske Ried dy't fanwege dy stifting oprjochte waard. Nei de oarloch waard er as kollaborateur suvere. <ref>Jelle Krol, ‘Ynlieding’, yn: Douwe Kalma. Samle Fersen. Jelle Krol ed. (Ljouwert 1996) 11-67</ref><ref>Johan Frieswijk, Geschiedschrijving als wapen in