Alvestêdekrúske: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2780949
Sebleouf (oerlis | bydragen)
L WPCleaner v1.30 - Headlines start with three "=" (Corrigé avec Wikipedy:WikiProject Check Wikipedia)
Rigel 1:
It '''Alvestêdekrúske''' wurdt útrikt oan folbringers fan de [[Alvestêdetocht]].
 
=== Skiednis ===
Doe't yn [[1909]] de [[earste Alvestêdetocht]] ferriden waard, kaam al gau de fraach op hokker medalje der útrikt wurde moast oan de folbringers fan de tocht. Ferskate foarmen waarden ynstjoerd. Uteinlik waard derfoar keazen om de medalje te basearjen op in earekrúske dat yn [[1898]] útrikt waard oan [[Mindert Hepkema]] doe't dy de [[Alvestêdefytstocht]] fan dat jier foltôge.
 
=== Utrikking ===
Dejingen dy't in offisjele Alvestêdetocht útride binnen de dêrfoar troch de [[Feriening De Fryske Alve Stêden]] stelde kondysjes krije in Alvestêdekrúske útrikt. Sa moat in dielnimmer lid wêze fan de Feriening de Fryske Alve Stêden, in startbewiis ûntfongen hawwe foar de tocht, moat in toerrider foar 0.00 binnen wêze en moat in wedstrydrider binnen 2 oere nei de winner fan de Alvestêdetocht binnen wêze.
 
=== Foarmjouwing ===
It Alvestêdekrúske is yn [[1909]] ûntwurpen foar de [[earste Alvestêdetocht]]. It krúske bestiet út in medalje yn de foarm fan it [[Maltezer Krús (symboal)|Maltezer krús]], mei yn de midden in sirkelfoarm. Op dizze sirkel stiet yn emalje it wapen fan de provinsje Fryslân ôfbylde. Dêromhinne stiet yn in sirkel te lêzen ''De Friesche Elf Steden''. It krúske hat ûngefear de grutte fan in kwartsje en waacht om de 7 gram hinne.
 
=== Oare prizen ===
Neist it Alvestêdekrúske krije de earste 11 oankommende manlju en de earste trije einige froulju in medalje. Dêrneist krijt de winner de [[Pim Mulier|Pim Mulier wikselpriis]], in grutte sulveren skaal. De winnaresse krijt in sulveren bokaal en sulveren wikselbeker. Dêrneist wurde de nammen fan de winners fvan de tocht gravearre yn it byld fan de Alvestêdetochtrider, foar it [[FEC]].
 
=== Alteraasje ===
By de [[fyftjinde Alvestêdetocht]] yn [[1997]] ûntstie der wat opskuor oer it net ferlienen fan in Alvestêdekrúske oan de wedstrydrider [[Piet Kleine]]. Dizze postrinder, dy't yn de kopgroep ried, miste by [[Hylpen]] in min oanjûne ferburgen stimpelpost. Op televyzjekamera's wie dúdlik te sjen dat hy dy post passearde. Rayonhaad Gerardus Bijker sei dan ek flak nei it ynsidint: ''Der binne genôch bewizen dat sy hjir lâns komd binne''. Nei in gearkomst fan it bestjoer waard lykwols besletten Kleine dochs te diskwalifisearjen. Hy krige dan ek gjin Alvestêdekrúske. Letter soe hy sizze dat hy sa ûnder de yndruk fan de minskemassa en it entûsjasme wie, dat hy trochried.
 
=== Ferskaat ===
* Mei-inoar binne der oant en mei 2006 om de 17.000 Alvestêdekrúskes útrikt.