Ferskil tusken ferzjes fan "Sittende Bolle"

21.443 bytes grutter ,  6 jier lyn
red + oanf
L (kat oars)
(red + oanf)
[[Ofbyld:Sitting Bull.jpg|thumb|''Sittingright|200px|Sittende Bull''Bolle.]]
'''Sittende Bolle''' ([[Lakota (taal)|Lakota]]: '''Tȟatȟáŋka Íyotake''', better bekend ûnder de [[Ingelsk]]e oersetting '''Sitting Bull'''; [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]], ±[[1831]] – dêre, [[15 desimber]] [[1890]]), wie yn 'e lêste helte fan 'e [[njoggentjinde ieu]] in wrâldsk en geastlik foaroanman en ien fan 'e wichtichste [[opperhaad|opperhaden]] fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), in [[Yndianen|Yndiaansk]] folk yn it midnoarden fan 'e [[Feriene Steaten]]. Yn [[1876]] stied er oan it haad fan 'e koälysje fan Sû-, [[Sjajinnen|Sjajinne-]] en [[Arapaho (folk)|Arapaho]]-krigers dy't yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]] de Amerikaanske 7de Kavalery fan generaal [[George Armstrong Custer]] in tepletterjende nederlaach tabrocht. Hoewol't er sels net meifochten hie, waard er der troch de Amerikanen ferantwurdlik foar holden, en moast er in skoft útwike nei [[Kanada]] ta. Nei't er him yn [[1881]] oerjûn hie, makke er in hoartsje diel út fan 'e Wyldwestshow fan syn freon [[Buffalo Bill]], en toerde er dêrmei troch Amearika. Yn [[1890]], doe't de nije [[religy]] fan 'e [[geastedûns]] ûnder de Amerikaanske Yndianen in protte folgelingen krige, siet it Amerikaanske regear deroer yn noed dat ek Sittende Bolle, mei alle ynfloed dy't er noch altyd hie, him dêrby jaan soe. Men besocht him dêrop te arrestearjen, mar by de wrakseling dy't folge waard er yn 'e holle sketten, wêrnei't er stoar.
'''Tȟatȟáŋka Íyotake''' (by de [[Grand River (Súd Dakota)|Grand River]] ([[Súd-Dakota]]), [[1831]] – [[Standing-Rock-reservaat]] ([[Noard-Dakota]]), [[15 desimber]] [[1890]]), better bekend as '''Sitting Bull''', wie in lieder fan de Hunkpapa Sioux (sjoch [[Lakota (folk)|Lakota]]) yn de [[Feriene Steaten]].
 
==Jonkheid==
Hy fierde 3500 [[Siouks]]- en [[Seyenne (yndianen)|Seyenne]] krigers oan tsjin de 7e Kavalery fan de FS en generaal [[George Armstrong Custer]], yn de [[Slach oan de Little Bighorn]] op [[25 juny]] [[1876]]. Hoewol't Sitting Bull net persoanlik meidie oan it gefjocht, waarden de opperhaden oanfjurre troch in dream dy't hy hie, wêryn in kloft Amerikaanske soldaten yn syn hannen foel.
Ornaris wurdt steld dat Sittende Bolle om [[1831]] hinne berne waard oan 'e [[Grand River (Súd-Dakota)|Grand River]], yn it [[Dakota (territoarium)|Dakota-territorium]], al hold syn oerpaksizzer yn [[2007]] op grûn fan [[oerlevering|mûnlinge oerlevering]] út dat er oan 'e rivier de [[Yellowstone (rivier)|Yellowstone]] berne waard, justjes besuden it hjoeddeiske [[Miles City (Montana)|Miles City]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Montana]]. Syn heit wie Springende Bolle en syn mem hiet Har Hillige Doar. Nei de Lakota-tradysje krige er letter ien fan syn heite nammen taparte, Tȟatȟáŋka Íyotake, dat "Sittende Bolle" betsjut, en ferwiist nei syn heite liederskip yn in grutte slach tusken de Lakota en de [[Kro (folk)|Kro]]. Sittende Bolle troude letter fiifris, mei Ljocht Hier, Fjouwer Kladen, Snie op Har, Sjoen troch Har Folk en Skarlekkene Frou. Hy krige yn elts gefal twa bern, in soan, [[Kraaiepoat (soan fan Sittende Bolle)|Kraaiepoat]], en in dochter, Mannich Hynder. Fierders hied er noch in oannommen soan, [[Ien Bolle]], en twa oannommen dochters, Rint Sjende en [[Annie Oakley]]. Sittende Bolle wie in lid fan 'e [[Hunkpapa]]-stamme fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]]. De Lakota binne ien fan 'e trije útsprantels fan 'e [[Sû (folk)|Sû]], yn 'e mande mei de [[Nakota (folk)|Nakota]] en de eastliker wenjende [[Dakota (folk)|Dakota]].
 
De [[Dakota-oarloch fan 1862]], ûnder de [[Amerikaanske Boargeroarloch]], wêrby't de Dakota yn [[Minnesota]] tusken de 300 en 800 blanke kolonisten by ombrochten, wiene de Lakota sadwaande net yn behelle. De Amerikanen makken by harren represaillemaatregels lykwols gjin ûnderskie tusken Dakota en Lakota, en yn juny [[1864]] foelen twa brigades fan it [[Amerikaanske Leger]] (sa'n 2.200 man) ûnder generaal [[Alfred Sully]] in Lakota-doarp oan. Yn dy [[Slach by Kildeer Mountain]] waarden de ferdigeners oanfierd troch [[Gal (opperhaad)|Gal]], [[Inkpaduta]] en Sittende Bolle. Dat wie syn earste gefjocht tsjin 'e blanken. De Lakota moasten dêrby úteinlik belies jaan, mar skermutselingen holden oan oant yn augustus. Yn septimber kamen Sittende Bolle en sa'n hûndert oare Hunkpapa in lyts selskip blanke kolonisten begelaat troch soldaten oer 't mad dêr't no [[Marmarth (Noard-Dakota)|Marmarth]], yn [[Noard-Dakota]], leit. Hja wiene troch in karafaan fan [[kapwein]]en efterlitten om in oer de kop sleine wein te reparearjen. Doe't er de oanfal op harren late, waard Sittende Bolle troch in soldaat yn 'e lofterheup sketten, mar rekke net al te swier ferwûne.
Ferantwurdlik achte foar it bloedbad, brocht Sitting Bull syn stam nei [[Kanada]]. Dizze bleau dêr oant Sitting Bull him op [[20 july]] [[1881]] tegearre mei de lêste flechtlingen oan de Amerikaanske troepen yn [[Fort Buford]], [[Montana (steat)|Montana]], oerjoech fanwege in tekoart oan fiedsel. De regearing ferliende him [[amnesty]].
[[File:Chief sitting bull.JPG|left|thumb|250px|Sittende Bolle (jier ûnbekend).]]
 
==De Oarloch fan Reade Wolk==
Letter toerde Sitting Bull mei [[Buffalo Bill]]'s Wild West Show, dêr't hy in populêre attraksje wie. Faak waard him frege it publyk ta te sprekken, wêrop hy harren faak ferflokte yn it [[Lakota (taal)|Lakota]], ûnder wyld applaus fan syn harkers.
Yn 'e [[Oarloch fan Reade Wolk]] ([[1866]]-[[1868]]) late Sittende Bolle withoefolle oanfallen fan 'e Sû op [[Fort Berthold]], [[Fort Stevenson]] en [[Fort Buford]]. Hoewol't [[Reade Wolk]], in opperhaad fan 'e [[Oglala]]-Lakota, de Sû yn dy oarloch oanfierde, ferfolle ek Sittende Bolle der in wichtige rol yn. Stipe troch harren bûnsgenoaten, de [[Noardlike Sjajinnen]] (''Northern Cheyenne'') en de [[Arapaho (folk)|Arapaho]], besochten de Sû hjirby foar te kommen dat it Amerikaanske leger forten stiftsje soe by it ''[[Bozeman Trail]]'' lâns, in karafaanrûte nei it Westen dy't troch harren lân rûn. It wie feitlik de súksesfolste kampanje fan 'e Flakte-Yndianen tsjin 'e blanken, en hie ta gefolch dat it Amerikaanske regear by it [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]], yn [[1868]], in grut reservaat oan 'e Sû taparte, dat harren hillige lân, de [[Black Hills]], hielendal omfette.
 
Troch syn oanpart yn 'e Oarloch fan Reade Wolk wûn Sittende Bolle tige by tige yn prestiizje oan. Neffens [[histoarikus]] [[Stanley Vestal]], dy't yn [[1930]] mei de âlderein fan 'e Hunkpapa spriek, waard Sittende Bolle yn 1868 útroppen ta "heechste opperhaad" fan 'e hiele Sû-naasje. Lettere skiedkundigen en [[etnology|etnologen]] ûntstride dat, mei't de Lakota-maatskippij fiersten te fersille wie om ien inkele lieder te erkennen, of foar ien inkele lieder om in protte gesach oer de fierhinne autonoom operearjende groepen en troepen te hawwen.
Oan de ein fan syn libben waard Sitting Bull oanlutsen ta de mystike [[Ghost Dance]] om de blanke besetters fan it lân fan syn folk te ferbaljen. It Amerikaanske regear fielde soks as in bedriging en in kloft Yndiaanske plysjemannen krige de opdracht him te arrestearjen. Yn it neifolgjende gefjocht kamen Sitting Bull en syn soan [[Crow Foot]] om it libben.
 
==Tuskenspul==
[[File:Sittingbull1883.jpg|right|thumb|200px|Sittende Bolle yn [[1883]], yn [[Pierre (Súd-Dakota)|Pierre]], yn [[Súd-Dakota]], ûnderweis fan [[Fort Randall]] nei it [[Standing Rock-agintskip]].]]
De Hunkpapa-troep fan Sittende Bolle gie oan 'e ein fan 'e 1860-er en it begjin fan 'e 1870-er jierren troch mei it dwaan fan oanfallen op forten en groepen kolonisten. Doe't de ''[[Northern Pacific Railway]]'' yn [[1871]] lânmjittings ferrjochtsje liet foar in spoarferbining dwers troch de noardlike [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] hinne, ûnderfûnen se dêrby in fûleindich ferset doe't se troch it lân fan 'e Hunkpapa moasten. In jier letter waarden de lânmjitters fannijs útstjoerd, diskear ûnder beskerming fan it Amerikaanske leger, mar Sittende Bolle en syn Hunkpapa foelen it selskip likegoed oan, en jagen it op 'e flecht. Yn [[1873]] besochten de lânmjitters it jitris, no begelaat troch noch mear soldaten, mar de Hunkpapa beaën steech ferset. Troch de [[Bankekrisis fan 1873]] rekke de ''Northern Pacific Railway'' finansjeel yn 'e nederklits, en it projekt waard doe foarearst stillein.
 
Lykwols, yn [[1874]] ûntstie der belangstelling foar de mooglikheid dat der yn 'e Black Hills [[goud]] te finen wie. Generaal [[George Armstrong Custer]] late in ekspedysje út [[Fort Abraham Lincoln]] wei (by [[Bismarck (Noard-Dakota)|Bismarck]], yn Noard-Dakota), dy't yn 'e heuvels op 'e sneup gie nei goud en omseach om in gaadlik plak om in fort oan te lizzen. Doe't Custer weromkaam en mei útset lûd ferkundige dat der yn 'e Black Hills yndie goud wie, lokke er dêrmei de [[Goudkoarts fan 'e Black Hills]] út. De spannings tusken de blanken en de Sû rûnen op doe't fan gefolgen tûzenen goudsikers har op it lân bejoegen dat ûnder it Ferdrach fan Fort Laramie oan 'e Sû taparte wie.
 
==De Grutte Sû-oarloch fan 1876==
It Amerikaanske regear waard benammen troch ynklauwerige sakelju almar fierder ûnder druk set om 'e Black Hills iepen te lizzen foar [[kolonisaasje]] troch de blanken, en men siet yn [[Washington, D.C.|Washington]] ek yn noed oer de berjochten dat de Sû, dêrta oanset troch û.o. Sittende Bolle, hieltyd faker groepen goudsikers oanfoelen en útmoarden. Yn novimber [[1875]] ferplichte it regear alle Sû-troepen bûten it [[Grutte Sû-reservaat]] om har binnen de grinzen dêrfan te fêstigjen, wylst it bêst wist dat lang net alle Sû har dêr wat fan oanlûke soene, en dat de Sû gjin sintraal gesach hiene dat de neilibbing fan sa'n dekreet ôftwinge koe. Per [[1 jannewaris]] [[1876]] kwalifisearre it [[Amerikaansk Ministearje fan Ynlânske Saken|Ministearje fan Ynlânske Saken]] as "fijannich" al dy Sû dy't har doe net yn it [[Yndianereservaat|reservaat]] befûnen. Sadwaande stie it it Amerikaanske leger doe frij om Sittende Bolle syn Hunkpapa en alle oare frije Lakota-troepen oan te fallen.
 
Sa begûn de saneamde [[Grutte Sû-oarloch fan 1876]]. Neffens histoarika [[Margot Liberty]] soe dy eins de Grutte Sjajinne-oarloch hjitte moatten, mei't de Noardlike Sjajinnen al foar [[1876]] mei de Amerikanen yn steat fan oarloch ferkearden, en de Sû har eins by harren oansletten. Lykwols bestiet der gjin twifel oer dat Sittende Bolle, èk troch de Noardlike Sjajinnen en de Arapaho, as ien fan 'e wichtichste lieders fan 'e Yndiaanske koälysje beskôge waard. Dat hie der ek mei te krijen dat hy it meast foaroansteande Lakota-opperhaad wie dat him nea yn in reservaat ûnder it gesach fan it Amerikaanske regear deljûn hie, sa't Gal fan 'e Hunkpapa, Reade Wolk fan Oglala en [[Bûnte Sturt]] fan 'e [[Brulé]] nei [[1868]] wol dien hiene. Troch de hast folsleine útroeging fan 'e [[Amerikaanske bizon]], wat in opsetlike strategy fan 'e Amerikanen wie om't hja wisten dat de Flakte-Yndianen fan dat bist ôfhinklik wiene foar harren fuortbestean, fielden de measte opperhaden dat se gjin oare kar hiene as har yn in reservaat nei wenjen te setten, sadat harren folk fan 'e blanken te iten krije soe. Sittende Bolle wegere lykwols stiiffêst om oan dizze sjantaazjepraktiken ta te jaan en libbe mei syn lytse Hunkpapa-troep in isolearre en gauris hongerich bestean op 'e iepen flakten, wat syn faam ûnder de Yndianen fansels allinnich mar oanwaakse liet. Boppedat wied er ien fan 'e wichtichste [[sjamaan|sjamanen]] fan 'e Flaktestammen. Doe't yn [[1875]] de Noardlike Sjajinnen en de [[Hunkpapa]]-, [[Oglala]]-, [[Sânzark]]- en [[Minnekonzjû]]-Lakota mei-inoar in kamp opslein hiene om dêr mienskiplik it religieuze ritueel fan 'e [[sinnedûns]] út te fieren, hie dat bliken dien doe't Sittende Bolle in iepenbiering of fizioen krige, wêrby't er útrôp ''"De Grutte Geast hat ús fijannen oan ús oerlevere. Wy moatte harren ferdylgje."'' Dat wie noch ear't dúdlik waard wa't de fijân wêze soe.
[[File:Little bighorn memorial overview with clouds.jpg|left|thumb|300px|It slachfjild oan 'e [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]].]]
 
Nei't op [[1 jannewaris]] [[1876]] de Grutte Sû-oarloch útbriek mei't it Amerikaanske leger doe de fersille Yndianetroepkes bûten de reservaten begûn oan te fallen, joegen almar mear dêrfan har by Sittende Bolle syn troep. Under harren wiene net inkeld Sû, mar ek in protte Noardlike Sjajinnen en Arapaho. Ek út 'e reservaten kamen mear as 2.000 krigers om har by him oan te sluten. Uteinlik woeks Sittende Bolle syn doarp, oan 'e rivier de [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]], tsjin 'e ein fan 'e maityd oan ta in grutte fan nei skatting mear as 10.000 minsken. It lân koe sa'n grutte kloft folk net drage, en der waard besletten om it kamp op te spjalten yn in stikmannich lytsere groepen. Ear't se útinoar gean koene, knoffele lykwols op [[25 juny]] [[1876]] it [[Amerikaanske 7de Regimint Kavalery]], ûnder generaal [[George Armstrong Custer]], tsjin it doarp oan.
 
Custer hie gjin idee hoe grut oft it doarp wie, mar wachte net om dat út te finen. Ynstee foel er daliks oan. In wike foartiid hie Sittende Bolle fannijs it ôfgryslike ritueel fan 'e sinnedûns ûndergien, wêrby't er dagenlang [[fêstjen|fêste]] en mear as hûndert stikjes fleis út syn earms opoffere hie. Yn it fizioen dat er doe krigen hie, hied er sjoen hoe't Amerikaanske soldaten deade waarden wylst se besochten en kring it kamp yn. Dêrmei hied er syn status as geastlik liedsman nochris befêstige, en yn 'e [[Slach oan de Little Bighorn]] focht er dan sels ek net mei; hy brocht de tiid yn meditaasje en [[gebed]] troch. De Lakota-, Sjajinske en Arapaho-krigers fochten fûleindich werom doe't Custer syn oanfal kaam, fuortsterke troch it tsjin dy tiid rûnom bekende fizioen fan Sittende Bolle. Troch de grutte fan it doarp die bliken dat Custer syn soldaten slim yn 'e minderheid wiene. De soldaten waarden weromkrongen nei in stikmannich heuveltoppen yn 'e neite fan it kamp, dêr't it grutste part fan it regimint, it diel dat troch Custer sels oanfierd waard, besingele rekke en oant de lêste man omkaam.
 
De Yndiaanske oerwinning wie lykwols mar in koart libben beskern. Mei ûnder druk fan 'e skokte publike opiny yn it Easten sette it Amerikaanske regear in grutte troepemacht yn om Sittende Bolle en syn folgelingen derûnder te krijen. It earste healjier fan [[1877]] krigen de Yndianen bûten de reservaten it oeral slim te lijen. De Amerikanen wiene der fral hjit op om Sittende Bolle yn 'e hannen te krijen, dy't hja seagen as de foarnaamste ferantwurdlike foar de pynlike nederlaach dy't hja lit hiene. Tsjin maaie hie de ferfolging sokke foarmen oannommen dat Sittende Bolle twongen wie om mei syn Hunkpapa-troep beskûl te sykjen yn [[Kanada]].
[[File:Fort Buford 2010.jpg|right|thumb|300px|De oarspronklike fortkommandantswente fan [[Fort Buford]], dêr't Sittende Bolle him yn [[1881]] oerjoech.]]
 
==Ballingskip en oerjefte==
Sittende Bolle bleau goed fjouwer jier yn ballingskip yn 'e neite fan [[Wood Mountain Regional Park|Wood Mountain]], yn 'e provinsje [[Saskatchewan]]. Doe't er syn troep de grins oer late, waard er opwachte troch [[James Morrow Walsh]], de kommandant fan 'e pleatslike ôfdieling fan 'e ''[[Royal Canadian Mounted Police]]'' (oftewol de ''Mounties'', bekend fan harren felreade unifoarmjaskes). Dy wie útstjoerd om oan Sittende Bolle út te lizzen dat er him no op [[Grut-Brittanje|Britske]] grûn befûn, en dat er him sadwaande ek oan 'e Britske wetten hâlde moast. Dêrby lei er der de klam op dat ûnder de Britske wet eltse ûnderdien gelikens wie oan alle oaren. Dêr mocht Sittende Bolle wol oer, en Walsh en hy rekken goed befreone, wylst de plysjeman him ûntjoech ta in grut pleitbesoarger fan Sittende Bolle en dy syn saak.
 
Under syn ferbliuw yn Kanada kaam Sittende Bolle ek yn 'e kunde mei [[Kraaiepoat (opperhaad)|Kraaiepoat]], in opperhaad fan 'e [[Swartfuotten]], in grutte en ynfloedrike konfederaasje fan stammen yn 'e Amerikaanske steat [[Montana]] en oangrinzgjende dielen fan Kanada, dat erffijannen fan 'e Lakota en de Sjajinnen wiene. Sittende Bolle joech oan dat er graach frede tusken harren beide folken slute soe, en mei't Kraaiepoat sels in grut fredesstifter wie, griep dy dy kâns mei beide hannen oan. Hja smookten tegearre de fredespiip by wize fan it sluten fan in ferdrach, en Sittende Bolle wie sa ûnder de yndruk fan Kraaiepoat dat er ien fan syn soannen nei de man neamde.
[[File:William Notman studios - Sitting Bull and Buffalo Bill (1895) edit.jpg|left|thumb|220px|Sittende Bolle en syn freon [[Buffalo Bill]], yn [[1885]].]]
 
Fanwegen de lytsere bizonkeppels yn it kâldere Kanada wie it dêr foar Sittende Bolle en syn folk dreech om itende te bliuwen. Teffens waard er troch it koloniale Kanadeeske regear sêftkes oantrune om werom te kearen nei de Feriene Steaten, mei't fanwegen syn oanwêzigens yn Kanada de spannings tusken de beide lannen flink oprûn wiene. Uteinlik sette er him mei syn 186 lêste folgelingen wer op 'en paad nei it suden ta, en op [[19 july]] [[1881]] joech er him yn [[Fort Buford]], yn Montana, oer oan 'e Amerikaanske majoar [[David H. Brotherton]], de kommandant fan dat fort. Twa dagen letter, nei't men om 'e nocht wachte hie op 'e âldere leden fan Sittende Bolle syn troep, dy't him út Kanada wei folgje soene, mar dat net diene, waard it opperhaad mei syn folgelingen oerbrocht nei [[Fort Yates]], fuort by it [[Standing Rock-agintskip]], oan 'e hjoeddeiske grins tusken Noard- en Súd-Dakota.
 
Sittende Bolle-en-dy waarden dêre by de oare Hunkpapa wei holden, om't de Amerikanen benaud wiene dat se foar swierrichheden soargje soene as har tastien wurde soe en kom mei de dêr fêstige Yndianen yn kontakt. Neffens folksteller William T. Selwyn, dy't harren yn augustus yn Fort Yates besocht, bestie de troep doe út 195 minsken. Koarte tiid letter waard Sittende Bolle lykwols mei 171 oaren op in [[steamboat]] oer de rivier de [[Missoury (rivier)|Missoury]] nei [[Fort Randall]] ta brocht, deunby it hjoeddeistige [[Pickstown (Súd-Dakota)|Pickstown]], oan 'e (súdlike) grins fan Súd-Dakota mei [[Nebraska]]. Dêr waarden se tweintich moannen lang as [[kriichsfinzene]]n fêstholden, oant har yn maaie [[1883]] troch it Amerikaanske regear [[amnesty]] ferliend waard, en se weromkeare mochten nei it Standing Rock-agintskip. Letter dat jier giene der geroften dat Sittende Bolle bekeard wie ta it [[roomsk-katolisisme]], mar neffens de Yndiaanske agint fan it Standing Rock-agintskip, [[James McLaughlin]], wie dêr neat fanoan.
 
==Wyldwestshow==
[[File:Annie Oakley c1903.jpg|thumb|right|180px|[[Annie Oakley]].]]
Yn [[1885]] krige Sittende Bolle fan it Amerikaanske regear tastimming en ferlit it reservaat om mei te dwaan oan 'e Wyldwestshow fan syn freon [[William Frederick Cody]], better bekend as [[Buffalo Bill]]. ''Buffalo Bill's Wild West Show'' wie oprjochte yn [[1883]], en wie in soartemint fariëtee of revu dêr't sa'n bytsje alle aspekten fan it [[Wylde Westen]] yn behannele waarden, mei it neispyljen fan ferneamde fjildslaggen (Cody spile sels de rol fan Custer), staaltsjes skerpsjitten en dramatyske demonstraasjes fan hynsteriidkeunst troch sawol wiere ''cowboys'' as echte Yndianen. Sittende Bolle wie sa ferneamd dat er $50 wyks fertsjinje koe troch neat oars te dwaan as by in foarstelling ien kear op syn hynder in rûntsje troch de sirkustinte ride. It ferhaal giet dat er dêrby de blanke taskôgers yn it [[Lakota (taal)|Lakota]] útflokte en de aaklikste ferwinskings nei de holle slingere wylst dy der entûsjast foar applaudisearren, mar neffens de histoarikus [[Robert M. Utley]] wie dêr neat fanoan en wierskynlik wie Sittende Bolle dêr boppedat de man net ta. Ynstee griep er de grutte belangstelling foar de show oan om taspraken te hâlden oer it belang fan ûnderwiis foar de lânseigen jongerein en oer fermoedsoening tusken blanken en Yndianen.
 
Wylst er op toernee wie mei Buffalo Bill, mette Sittende Bolle de skerpsjitster [[Annie Oakley]], dy't ek oan 'e Wyldwestshow meidie. Hy rekke sa ûnder de yndruk fan dat dimmene, behindige fanke en har feardigens mei [[revolver]]s en [[gewear]]en, dat er in [[fotograaf]] $65 betelle om mei har op 'e foto te gean. Uteinlik naam er har sels oan as dochter, en joech er har in Lakota-namme dy't oerset waard yn it [[Ingelsk]] as ''Little Sure Shot'' ("Lytse Wissjitster"), in namme dy't Oakley oan har dea ta brûkte njonken har bertenamme.
 
[[File:Sitting Bull Signature.svg|left|thumb|200px|De hantekening fan Sittende Bolle.]]
Sittende Bolle bleau fjouwer moanne by de Wyldwestshow ear't er wer op hûs oan gie. Yn dy tiid waard er troch it blanke publyk behannele as in ferneamd persoan en it romantisearre toanbyld fan 'e [[nommele wylde]]. Hy fertsjinne in lyts fortún troch de lju betelje te litten foar syn foto en hantekening, hoewol't er dat jild gauris wer weijoech oan dakleazen en [[bidler]]s. Hy koe him mar net begripe hoe't de blanken de swakkeren yn harren maatskippij sa oan har lot oerlitte koene. Tsjin Annie Oakley murk er ris op: ''"De blanke wit hoe't er fan alles meitsje moat. Mar hy wit net hoe't er it ferpartsje moat."''<ref>Brown, Dee, ''Bury My Heart at Wounded Knee: An Indian History of the American West'', Londen, 1991 (Vintage), ISBN 978-0 09 95 26 407 (oarspr. útj. 1970); s. 427.</ref>
 
==Lêste jierren en dea==
Nei't er yn it reservaat weromkeard wie, libbe Sittende Bolle dêr noch in jier as fiif yn relative frede. Yn [[1889]] ûntnadere it Amerikaanske regear de Sû harren grutte reservaat, naam mear as de helte dêrfan sels yn besit en dielde de rest op yn in stikmannich lytsere reservaten. De Yndiaanske agint te Standing Rock, [[James McLaughlin]], soarge derfoar dat Sittende Bolle pas hearde fan 'e gearkomste dêr't dat allegear op bepankoekbakt waard, nei't it pleit al besljochte wie.
 
[[File:SittingBullPhilKonstantin.jpg|right|thumb|250px|It tinkteken by it grêf fan Sittende Bolle, by [[Mobridge (Súd-Dakota)|Mobridge]], yn [[Súd-Dakota]].]]
Yn [[1890]] begûn de nije religy fan 'e [[geastedûns]] (''Ghost Dance'') him ûnder ynfloed fan 'e [[Pajût (folk)|Pajût]]-[[profeet]] [[Wovoka]] ûnder de Yndianen te fersprieden. De oanhingers dêrfan leauden dat se de tiid werom en de bizons wer ta libben dûnsje koene. It wie it lêste, patetyske besykjen fan in ferrinnewearre kultuer om mei himsels yn it reine te kommen, mar it Amerikaanske regear seach it as in opstannige beweging dy't daliks de kop yndrukt wurde moast. Yndiaansk agint McLaughlin tekene in arrestaasjebefel foar Sittende Bolle, mei't men fermoede dat hy by beweging belutsen wie, of oars dat er him der mei koarten by jaan soe. It plan wie dat luitenant Henry Bullhead mei syn Yndiaanske plysje op [[15 desimber]] [[1890]] by moarnsdage Sittende Bolle syn kamp ynkringe soe en mei him útnaaie soe ear't de rest fan it kamp goed en wol wekker wie.
 
Moarns om healwei seizen waard de wente fan Sittende Bolle besingele troch 39 Yndiaanske plysjes en fjouwer frijwilligers. Hja krongen deryn troch en fertelden it âld opperhaad dat er yn 'e hechten set waard. Dêrop brochten se him nei bûten ta. Wylst it kamp wekker waard en de plysjes almar senuweftiger, oardere Henry Bullhead Sittende Bolle om op te stiigjen op in hynder dat se foar him meibrocht hiene. Doe't Sittende Bolle dat wegere, waard er mei hurde hân op it hynder twongen. Dy behanneling makke syn folgelingen poerrazen, en in kriger dy't Fang de Bear hiet, skoudere syn gewear en skeat Bullhead del. Dêrop skeat dy Sittende Bolle yn it boarst. In oare plysje, Reade Striidbile, skeat it opperhaad yn 'e sydkant fan 'e holle, en Sittende Bolle foel swier ferwûne op 'e grûn. Der ûntstie in fûleindich fjoergefjocht, wêrby't seis plysjes daliks deasketten waarden, wylst nochris twa koarte tiid letter oan harren ferwûnings beswieken. Ek Sittende Bolle syn soan [[Kraaiepoat (soan fan Sittende Bolle)|Kraaiepoat]] en seis oaren fan syn folgelingen kamen om. It opperhaad sels stoar de folgjende middeis tusken tolven en ienen.
 
It stoflik omskot fan Sittende Bolle waard oerbrocht nei [[Fort Yates]], dêr't it yn in troch legertimmerlju makke deakiste pleatst en begroeven waard. Yn [[1953]] groeven syn neikommelingen wat nei bêste witten syn lichem wie op, en werbegroeven it yn 'e neite fan [[Mobridge (Súd-Dakota)|Mobridge]], yn Súd-Dakota, wat syn (mooglike) berteplak wie.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
'''Noaten'''<br>
<references/>
'''Boarnen'''<br>
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Sitting_Bull ''Footnotes'', ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
 
{{Commonscat|Sitting Bull}}
}}
 
[[Kategory:Yndiaansk lieder]]