Karl Marx: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 147 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q9061 (translate me)
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Karl_Marx.jpg|thumb|Karl Marx (1875)]]
'''Karl Heinrich Marx''' ([[Trier]], [[5 maaie]] [[1818]] - [[Londen]], [[14 maart]] [[1883]]) wie in [[Dútslân|Dútsk]] [[ekonoom]] en polityk [[filosoof]] en de grûnlizzer fan it [[marksisme]].
 
Marx wurdt sjoen as de heit fan it [[sosjalisme]], en de skepper fan it begryp ''marksisme''. Yn de [[20e ieu]] waard er dêrom yn de keunst fan de [[Warsjaupakt]]lannen ôfbylde, tegearre mei [[Friedrich Engels]] en [[Vladimir Lenin]], as ien fan de trije heiten fan it [[kommunisme]]. Karl Marx wie ynspirearre troch [[Georg Hegel]]; lykwols seach er, yn stee fan idealisme, materialisme as it wichtichste motyf.
 
Karl Marx studearre oan de universiteiten fan [[Bonn]], [[Berlyn]] en [[Jena]]. Yn [[1842]] waard er redakteur by de ''Rheinische Zeitung'', mar yn [[1843]] waard er foar syn krityske skriuwen twongen it wurk op te jaan. Marx gong nei [[Parys]], dêr't er yn kontakt kaam mei [[Friedrich Engels]]. Yn [[1845]] waard er lykwols út Parys ferbanne út reden fan revolúsjonêre aktiviteiten, en yn [[1847]] út deselde reden út [[Belgje]]. Nei't er yn [[1849]] ferbanne waard út [[Dútslân]] en [[Frankryk]] libbe Marx as banling yn Londen oant syn dea op 14 maart 1883. Nei syn dea waarden ferskate ûnpublisearre wurken troch Friedrich Engels ree makke foar publikaasje en útjûn.
 
== Bibliografy ==