Content deleted Content added
L opmerkings
L →‎Siden oer Washington: handichheidsjes
Rigel 21:
* En as jo sokke kategorysiden ek eefkes oan Wikidata fêstheakje kinne (sa't jo ek mei de artikelsiden dien hawwe) dan soe it hielendal moai wêze. In kategory as Plak yn Benton County (Washington) heart bgl. by ''Category:Populated places in Benton County, Washington''. Mar faak is it makliker om 'e link te finen fia de korrespondearjende kategoryside op 'e Ingelske Wikipedia.
En no mar hoopje dat ik jo net fuortjage haw mei myn geseur. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 21 nov 2013, 16.12 (CET)
::Dat is moai om te hearren, Kneppelfreed. En it wiene net sasear foutsjes, mar mear handichheidsjes. Hjir is noch ien: as jo in opmerking op in oerlisside ûndertekenje, dan kinne jo dat ienfâldichwei dwaan troch '''fjouwer''' tildes efterinoar te typen (in tilde is de ~, it weachje, sis mar, dat op it toetseboerd op 'e knop links fan 'e 1 sit). Troch dat te dwaan wurdt net inkeld jo meidochnamme automatysk tafoege, mar ek in link nei jo eigen oerlisside en de datum en tiid dat jo de opmerking makke hawwe. Lykas hjirre dus: [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 22 nov 2013, 15.44 (CET)