Grutte Pier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
jemoeder
L Bewurkings fan "145.100.65.120" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "TBloemink".
Rigel 1:
[[Ofbyld:Dapperheidgrotepier.jpg|thumb|right|<small>''In skilderij mei Grutte Pier yn de midden.''</small>]]
mendel ys ien homo zonder vrienden
'''Grutte Pier''' (1480? - [[28 oktober]] [[1520]]) is de namme dêr't ''Pier Gerlofs Donia'' as Fryske frijheidsstrider bekend ûnder wurden is. Om syn figuer hat safolle mytefoarming west dat it slim te sizzen is hokker ferhalen oft wier binne en hokker net.
 
== Libben en skiednis ==
Wat min-ofte-mear fêststiet is dat Pier berne waard yn [[Kimswert]], yn de 2e helte fan de [[15e ieu]] sa om [[1480]] hinne. Hy wie de soan fan Gerlof Piers Donia en Fokel Sybrants Bonga en troude mei [[Rintsje Syrtsema]]. It pear krige yn [[1506]] in soan, Gerlof Piers Donia. Pier Gerlofs Donia syn frou ferstoar yn 1515.
 
Yn [[1498]] kaam Fryslân ûnder it bewâld fan [[Albrecht fan Saksen]] dy't om de problemen yn Fryslân oanpakke te kinnen, hiersoldaten nei Fryslân helle. Doe't dat, nei syn dea, lykwols net genôch seadden oan de dyk sette, ferkoft [[Joaris mei it Burd|syn soan]] syn rjochten oan de lettere [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]].
 
Pier Donia wie boer yn Kimswert mar syn pleats, de [[Osingastate (Kimswert)|Osingastate]], waard yn [[1515]] troch hiersoldaten fan de [[Swarte Heap]] platbaarnd. Mûglik is dêrby ek syn frou fermoarde. Troch dy oanfal ûntwikkele Pier him ta in fûl bestrider fan Saksyske en Hollânske besetters. Hy foarme tsjin de Swarte Heap in eigen binde, ûnder de namme fan de [[Arumer Swarte Heap]], en ûnder syn lieding operearre in kapersfloat, fan [[Makkum]] en [[Warkum]] út op de [[Sudersee]].
 
Oan Pier wurde in reuseftich postuer en boppeminsklike krêften taskreaun. Oan Pier wurdt ek it [[tongbrekkerssechje]] "Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries" taskreaun. Pier soe dat brûkt hawwe om nei te gean oft de lju oan board fan de skippen wol Friezen wiene. Wie dat net it gefal dan soenen se kylhelle wêze en harren skip leechrôve.
 
== Leginden ==
Neffens de leginde droegen Pier en syn mannen de bút fan de plundere skippen ôf oan hartoch [[Karel fan Gelre]], dy't stipe yn de striid tsjin de Hollanners tasein hie. Doe't bliken die dat Karel [[1517]] sels in machtsposysje yn Fryslân besocht te krijen, wie Pier sa teloarsteld dat er him werom luts út de striid. Syn lêste jierren wenne er yn [[Snits]], dêr't er op [[28 oktober]] [[1520]] ferstoar.
 
De leginde wol hawwe dat ek syn bern fermoarde binne troch de Saksen. Dêr is [[sibbekunde|sibbekundich]] ûndersyk nei dien, en it soe kinne dat syn soan Gerlof Piers it oerlibbe hat, en dat syn neikommelingen ek hjoed de dei noch yn [[Nederlân]] en [[Amearika]] libje. Ek it ferstjerren fan syn dochter is foar in lettere datum optekene.
 
[[Ofbyld:Grotepier TN.JPG|thumb|right|<small>''Stânbyld fan Grutte Pier yn Kimswert''</small>]]
Yn it sintrum fan syn bertedoarp Kimswert stiet in stânbyld fan Pier Donia, makke troch [[Anne Woudwijk]].
 
=== Grutte Pier yn sechjes en siswizen ===
* "De biezem yn 'e mêst," sei Grutte Pier "wy sille de Sudersee skjinfeie".
* Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries".
 
=== It swurd fan Grutte Pier ===
Grutte Pier soe ek yn fjildslaggen domineare hawwe mei in geweldich grut swurd. Dat stielen slachswurd wie 2,15 meter lang en woech goed 6 kilo. Neffens de [[oerlevering]] koed er mei dat swurd de hollen fan mear fijannen tagelyk ôfkapje. It ûnderstelde swurd fan Grutte Pier hinget tsjintwurdich (2008) yn it [[Frysk Museum]] yn Ljouwert. Ek yn de taapkeamer fan Herberch 'De Greate Pier' yn syn berteplak Kimswert hinget 'it ienichste wiere swurd fan Grutte Pier'. Syn helm wurdt bewarre yn it stêdhûs fan Snits.
 
== Ferskaat ==
Oktober [[2011]] waard yn 'e tsjerke fan Kimswert de grêfsark fan preester Jehannes († [[15 juny]] [[1486]]) weromfûn. Jehannes wie pastoar yn Kimswert doe't Pier in jonkje wie, dat hy soe Pier doopt hawwe kinne. Teffens is de sark fûn fan Sybrandt fan Bonga, dy't oan Pier syn mem besibbe west hawwe moat.<ref>[[Ljouwerter Krante]] 31 oktober 2011, side 10, ''Grafzerk ontdekt van doper Grutte Pier''</ref>
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.verhalenbank.nl/detail_volksverhalen.php?id=CJ044117 DOC Folksferhaal (Meertens Ynstitút) oer de sêge]
* [http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/23/ Grutte Pier yn de kanon fan de Fryske skiednis]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{aut|[[Petrus Thaborita]]}}, ''Fryske skiedniskriuwer''.
* {{aut|[[J.J. Kalma|Jacob Kalma]]}}, ''Grote Pier Van Kimswerd'', ed. de Tille (1970), ISBN 90-70010-13-5.
<references/>
}}
 
 
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Frysk persoan]]