Pornografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L Bewurkings fan "62.89.170.93" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Ieneach fan 'e Esk".
Rigel 1:
'''Pornografy''' (gauris ferkoarte ta '''porno''') is it eksplisite portrettearjen fan [[seksuële mienskip|seksuële]] ûnderwerpen troch it gebrûk fan in breed skala oan media, lykas tekst, tekenings, [[animaasje]], [[byldhoukeunst]], [[fotografy]], lûdsopnamen, [[film]], [[fideo]] en [[fideospultsje|fideospultsjes]]. De term tsjut inkeld op it fêstlizzen fan seksuële dieden, en net op dy seksuële dieden sels. Pornografy moat net betize wurde mei [[erotika]], wêrmei't it portrettearjen fan seksualiteit as neistribjen fan [[keunst]] bedoeld wurdt en dat dêrnjonken ek omtinken skinkt oan gefoelens en emoasjes, wylst it by pornografy poer om 'e fysike dieden draait, mei faak in heech sensaasjegehalte.<ref>Gehrke, William J., ''Erotica is Not Pornography'' (tech.mit.edu).</ref> Sljochtwei [[neakenfotografy]] kin allikemin beskôge wurde as pornografy, mei't it miskien wol in seksueel doel tsjinnet, mar der gjin seksuële die as sadanich by fêstlein wurdt.
Sau Geil!!!!!!!!!!!!
 
 
 
Pornografy komt foar yn in grut tal ûnderskate foarmen. It wurd "pornografy" is ôfkomstich út it [[Gryksk]], mar krong pas yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde ieu yn 'e measte [[West-Jeropa|Westjeropeeske]] talen troch. It ferskynsel sels bestiet al sûnt minskewitten, sij it dat it pas yn 'e [[Fiktoriaanske Tiid]] syn hjoeddeiske foarm krige, foar in grut part ek om't it doe foar it earst as sadanich by de wet ferbean waard. Sûnt de ein fan 'e sechstiger jierren is pornografy yn frijwol alle Westerske lannen legalisearre, al ferskilt de persize byldfoarming en maatskiplike reäksje per lân. Hjoed de dei giet der foar miljarden om yn 'e pornoyndustry, wat dy bedriuwstûke op guon plakken bot ynfloedryk makket.
 
Noch altiten is pornografy in kontroversjeel ûnderwerp, dat ferheftige emoasjes losmakket by sawol foar- as tsjinstanners. Wylst de foarstanners harren beroppe op 'e frije mieningsutering, fine de tsjinstanners dat sy net tsjin harren wil mei obseniteit konfrontearre wurde moatte soene, dat it op grûn fan harren religieuze leauwe "ferkeard" is, en/of dat froulju dertroch objektifisearre en misbrûkt wurde.
 
==Foarmen fan pornografy==
Yn it foarste plak moat der in ûnderskie makke wurde tusken saneamde "[[hurde pornografy]]" (''hard'' porno) en "[[sêfte pornografy]]" (''soft'' porno). By sêfte pornografy giet it om simulaasjes fan geslachtsmienskip en wurde de froulike geslachtsdelen wol, mar de manlik net of hast net sjen litten, wylst hurde pornografy ekplisyt penetratyf geslachtsferkear werjout.
 
Fierders kinne pornografyske sjenres ûnderferdield wurde
* op grûn fan [[seksuële oriïntaasje]]:
** [[biseksualiteit|biseksuële pornografy]] (''bi'')
** [[heteroseksualiteit|heteroseksuële pornografy]] (''straight'')
** [[homoseksualiteit|homoseksuële pornografy]] (''gay'')
** [[lesbiënne|lesbyske pornografy]] (''lesbian'', ''lesbo'')
** [[transseksualiteit|transseksuële pornografy]] (''transexual'', ''trannie''; de animearre foarm hjit ''[[futanari]]'')
* op grûn fan seksuële aktiviteit:
** [[anale seks|anale pornografy]] (''anal'')
** [[faginale seks|faginale pornografy]] (''vag'')