Pornografy: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
No edit summary |
No edit summary |
||
Rigel 1:
'''Pornografy''' (gauris ferkoarte ta '''porno''') is it eksplisite portrettearjen fan [[seksuële mienskip|seksuële]] ûnderwerpen troch it gebrûk fan in breed skala oan media, lykas tekst, tekenings, [[animaasje]], [[byldhoukeunst]], [[fotografy]], lûdsopnamen, [[film]], [[fideo]] en [[fideospultsje|fideospultsjes]]. De term tsjut inkeld op it fêstlizzen fan seksuële dieden, en net op dy seksuële dieden sels. Pornografy moat net betize wurde mei [[erotika]], wêrmei't it portrettearjen fan seksualiteit as neistribjen fan [[keunst]] bedoeld wurdt en dat dêrnjonken ek omtinken skinkt oan gefoelens en emoasjes, wylst it by pornografy poer om 'e fysike dieden draait, mei faak in heech sensaasjegehalte.<ref>Gehrke, William J., ''Erotica is Not Pornography'' (tech.mit.edu).</ref> Sljochtwei [[neakenfotografy]] kin allikemin beskôge wurde as pornografy, mei't it miskien wol in seksueel doel tsjinnet, mar der gjin seksuële die as sadanich by fêstlein wurdt.
Noch altiten is pornografy in kontroversjeel ûnderwerp, dat ferheftige emoasjes losmakket by sawol foar- as tsjinstanners. Wylst de foarstanners harren beroppe op 'e frije mieningsutering, fine de tsjinstanners dat sy net tsjin harren wil mei obseniteit konfrontearre wurde moatte soene, dat it op grûn fan harren religieuze leauwe "ferkeard" is, en/of dat froulju dertroch objektifisearre en misbrûkt wurde.
|