Nelson Mandela: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L +kat
ferstoarn
Rigel 1:
[[Ofbyld:Nelson Mandela-2008 (edit).jpg|thumb|Nelson Mandela yn 2008]]
[[Ofbyld:Frederik de Klerk with Nelson Mandela - World Economic Forum Annual Meeting Davos 1992.jpg|thumb|Mandele fûstket mei De Klerk, 1992]]
'''Nelson (Rolihlahla) Mandela''' ([[Mvezo]], [[18 july]] [[1918]] - [[Johannesburg]], [[5 desimber]] [[2014]]) wie presidint fan [[Súd-Afrika]] fan 1994 oant 1999. Hy krige yn [[1993]], tegearre mei [[Frederik Willem de Klerk]], de Nobelpriis foar de Frede. Mandela wurdt rûnom respektearre om syn stânfêste striid tsjin de [[apartheid]]. Hy hat ek de earste swarte presidint fan Súd-Afrika west. Tusken [[1991]] oant [[1997]] wie Mandela foarsitter fan it [[ANC]].
 
Mandela waard berne yn [[Umtata]] (yn it eardere [[Transkei]]), as soan fan in pleatslik stammehaad. Hy waard yn [[1961]] as ien fan de ANC-lieders beskuldige fan ferried, mar koe lykswols frijsprutsen wurde. Yn [[1964]] waard er opnij oppakt, diskear omdat er him ynlitten hie mei de [[Rivonia-binde]], in groepearring dy't moardoanslagen begie tsjin blanken yn Súd-Afrika. Hy krige dêrfoar in libbenslange finzenskip oplein, dy't hy benammen útsitten hat op it [[Robbeneilân]], dêr't hy it symboal waard foar de wrâldwide anti-apartheidsbeweging. Yn [[1969]] kaam syn âldste soan [[Madiba Thembekile]] om it libben by in auto-ûngefal. Nelson krige gjin tastimming om by de begraffenis te wêzen.