Denemark: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
'138687main image feature 458 northeurope.jpg' -> 'A Danish Perspective.jpg' using GlobalReplace v0.2a - Fastily's PowerToys: file renamed
→‎Skiednis: bytsje skiednis derby
Rigel 25:
De Denen teagen yn de [[6e ieu]] út Skâne wei nei [[Jutlân]] en de westlike Eastsee-eilannen, dêr't hja oare Germaanske stammen út it stee krongen hawwe. Yn de [[10e ieu]] ferienige Gorm de Alde († 950) in stikmannich lytse keninkrykjes ûnder syn bewâld. Syn soan Harald Blautosk naam om 960 hinne it Kristendom as leauwen oan. Doe't yn [[1035]] de Ingelske kening Knoet de Grutte stoar, koe de Deenske kening fierder mei it feroverjen fan parten fan de Britske eilannen, Noarwegen en Súd-Jutlân. Oant 1100 ta waarden de folken yn Denemark, Noarwegen en Sweden [[Wytsingen]] neamd. Nei in minne rite koe Waldemar I it lân fierder útwreidzje. Grutte parten fan de kustregio besuden de [[Eastsee]] waarden ferovere, yn [[1219]] oant [[Estlân]] oan ta. It besit fan dy gebieten hat lykwols net lang duorre; yn [[1227]] waarden de Denen yn de Slach by Bornhöved ferslein troch de [[Dútslân|Dútsers]]. Estlân waard yn [[1346]] oan de Dútske gebieten ferkocht en Denemark erkende yn [[1370]] de hearskippij fan de [[Hânze]] oer de Eastsee. De Deenske hearskers rjochten har doe mear op it noarden: yn [[1397]] waarden Denemark, Noarwegen, [[Yslân]], Sweden en [[Finlân]] feriene yn 'e [[Kalmaruny]], mei Denemark as oanfierder. Dat ferbûn hat oant [[1523]] bestien, doe't Sweden syn ûnôfhinklikens werom hawwe woe.
 
Oant de 17e ieu bleaunen de ferhâldings mei Sweden beskiedend, dêr't de beide keninkriken om de hearskippij oer Skandinaavje en it Baltyske gebiet striden. Skâne, Blekinge un Hallân wienen eigentlik de gebieten dêr't de Denen weikamen, mar dy gebieten waarden yn 1658 Sweedsk, en ek hjoed hearre dy gebieten by Sweden. It geastlike libben fan dy tiid wie beskaat troch de [[Reformaasje]], dy't yn [[1536]] troch Christian III. ynfierd waard. De ''Reformminister'' Johann Hartwig Ernst von Bernstorff, Johann Friedrich Struensee en Andreas Peter von Bernstorff modernisearren it lân twiske 1751 en 1797 yn de sin fan de ferljochting, wêrby't de boerebefrijding fan [[1788]] tige wichtich wie. Yn 'e Napoleonistyske tiid besocht Denemark, yn in bûn mei de oare Eastseelannen, om in neutrale tredde macht te foarmjen. De Ingelske oanfal yn de Twadde Seeslach fan Kopenhagen twong it lân gear te wurkjen mei [[Frankryk]], en it moast dêrom nei de delgong fan Frankryk al yn [[1814]] by Frede fan Kiel [[Hilgelân]] oan [[Grut-Brittanje]] jaan en Noarwegen oan Sweden. De Faeröer eilannen, Yslân, [[Grienlân]] en Deensk-Westynje (oant 1917) bleaunen by Denemark.
 
Nei jierren fan ekonomyske ûnrêst ûnder de Napoleonistyske Oarloggen wie it kulturele klimaat tige geunstich. De tiid tusken 1800 en 1850 waard letter ek wol de Gouden Ieu fan Denemarken neamd.<ref>[http://www.guldalder.dk/ guldalder.dk] webside mei ynformaasje oer de Deenske Gouden Ieu</ref> De wichtichste minsken út dy Gouden Ieu waarden wiid ferneamd yn binnen- en bûtenlân. De grutste keunstners út dy tiid binne byldhouwer [[Bertel Thorvaldsen]], skilder [[Christoffer Wilhelm Eckersberg]] en de romantyske dichter [[Adam Oehlenschlåger]]. Noch bekender waarden skriuwer [[Hans Christian Andersen]] en de filosoof [[Søren Kierkegaard]].
 
Foar de Earste Wrâldkriich hie Denemarken goede kontakten mei sawol Grut-Brittanje as Dútslân en nei it útbrekken fan de oarloch ferklearre it Deenske regear dat Denemarken neutraal bliuwe soe. Dat hie grutte foardielen foar de ekonomy, hoewol't in tredde fan de Deeenske hannelsfloat stikken rekke en ûndergong troch de kriich. Troch de oarloch kaam ek it kommersjele en strategyske belang fan de Deenske koloniën yn West-Ynje op it aljemint, yn 1917 ferkocht Denemarken de Famme-eilannen oan de Feriene Steaten. Troch it ferlies fan Dútslân yn 1918 begûn it âlde grinskonflikt fan Sleeswyk-Holstein op 'e nij. It [[Ferdrach fan Versailles]] ferdielde de regio yn twa gebieten en nei in referindum yn 1920 kaam it noardlike diel wer by Denemarken. It súdlike part bleau ûnderdiel fan Dútslân.
 
Yn 1939 die it Deenske regear te witten dat se har neutrale status yn oarlochstiid hâlde woenen. Lykwols begûnen de Dútsers op 9 april 1940 mei harren offensyf yn Denemarken. Nei wat lytsskalich ferset troch de keninklike garde by Amalienboarch Slot begûn de besettingstiid. Yn de earste trije jier fan de besettingstiid koenen de measte oerheidstsjinsten yn Deenske hannen bliuwe. It Deenske regear woe sa min mooglik slachtoffers en wurke dêrom gear mei de Dútsers. De Deenske befolking fersette him bytiden fûl tsjin de Dútske besetters sadat de Dútsers yn 1943 it Deenske regear ferfongen troch in Dútsk bestjoer. It Deenske leger waard twongen om de wapens del te lizzen en de Dútsers begûnen mei de deportaasje fan Deenske joaden. Lykwols wienen de measte Deenske joaden yn 'e nacht foar de machtswiksel nei it neutrale Sweden ta brocht. Yn de lêste achtjin moannen fan de oarloch waard de Deenske Frijheidsried, de drager fan it ferset, hieltyd aktiver. It Deenske ferset hie yn 1945 sa'n 50.000 minsken dy't strieden tsjin de besetter. Nei it ferlies fan Dútslân yn 1945 kaam der in nij regear mei dêryn fersetslieders en politisy fan foar de kriich.
 
Troch it warbere ferset waard Denemarken erkend als bûnsmaat fan de Alliearden en waard yn 1945 lid fan de [[Feriene Naasjes]]. Yn 1949 waard Denemarken ek lid fan de [[NAFO]]. Dêrtroch kaam der in ein oan de neutraliteit dy't Denemarken sûnt 1864 neistribbe. As dielnimmer oan it [[Marshallplan]] koe it lân syn yndustry en lânbou by de tiid bringe sadat der in basis lein waard foar it lettere sukses. Yn 1953 waard in nije grûnwet fan krêft. Dêrút ûntstie in parlemint mei in inkelfâldige keamer en de grûnwet makke froulike troanopfolging mooglik. Dy wet waard tapast doe't prinses Margaretha yn 1972 keninginne waard, nei de dea fan har heit Frederik IX. Denemarken die net mei oan de Europeeske Mienskip dy't yn 1957 oprjochte waard, mar nei in referindum yn 1973 wie Denemarken it earste Skandinavyske lân dat lid waard. Lykwols stimde 87 persint fan de ynwenners tsjin de ynfiering fan de euro. Yn it tiidrek 1960-1980 wienen der ferskillende politike herfoarmingen. In rynsk sosjaal stelsel en in liberaal karakter wienen de resultaten fan dy herfoarmingen. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren waard it lân stadichoan konservativer.
 
Yn 1998 waard de brêge oer de Grutte Belt iepene dy't de eilannen Fünen en Sjælland mei elkoar ferbynt. De [[Sontbrêge]] tusken Denemark (Keappenhaven) en Sweden (Malmö) waard yn it jier 2000 iepene. Yn 2001 waard Anders Fogh Rasmussen minister-presidint. Yn 2009 waard hy siktaris-generaal fan de NAFO.
 
== Geografy ==