Denemark: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Skiednis: bytsje skiednis derby
No edit summary
Rigel 23:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Runenstein Gorm 1.jpg|thumb|left|Runenstien Gorm by de tsjerk yn Jelling]]
De Denen teagen yn de [[6e ieu]] út Skâne wei nei [[Jutlân]] en de westlike Eastsee-eilannen, dêr't hja oare Germaanske stammen út it stee krongen hawwe. Yn de [[10e ieu]] ferienige Gorm de Alde († 950) in stikmannich lytse keninkrykjes ûnder syn bewâld. Syn soan Harald Blautosk naam om 960 hinne it Kristendom as leauwen oan. Doe't yn [[1035]] de Ingelske kening Knoet de Grutte stoar, koe de Deenske kening fierder mei it feroverjen fan parten fan de Britske eilannen, Noarwegen en Súd-Jutlân. Oant 1100 ta waarden de folken yn Denemark, Noarwegen en Sweden [[Wytsingen]] neamd. Nei in minne rite koe Waldemar I it lân fierder útwreidzje. Grutte parten fan de kustregio besuden de [[Eastsee]] waarden ferovere, yn [[1219]] oant [[Estlân]] oan ta. It besit fan dy gebieten hat lykwols net lang duorre; yn [[1227]] waarden de Denen yn de Slach by Bornhöved ferslein troch de [[Dútslân|Dútsers]]. Estlân waard yn [[1346]] oan de Dútske gebieten ferkocht en Denemark erkende yn [[1370]] de hearskippij fan de [[Hânze]] oer de Eastsee. De Deenske hearskers rjochten har doe mear op it noarden: yn [[1397]] waarden Denemark, Noarwegen, [[Yslân]], Sweden en [[Finlân]] feriene yn 'e [[Kalmaruny]], mei Denemark as oanfierder. Dat ferbûn hat oant [[1523]] bestien, doe't Sweden syn ûnôfhinklikens werom hawwe woe.
 
Line 30 ⟶ 31:
 
Foar de Earste Wrâldkriich hie Denemarken goede kontakten mei sawol Grut-Brittanje as Dútslân en nei it útbrekken fan de oarloch ferklearre it Deenske regear dat Denemarken neutraal bliuwe soe. Dat hie grutte foardielen foar de ekonomy, hoewol't in tredde fan de Deeenske hannelsfloat stikken rekke en ûndergong troch de kriich. Troch de oarloch kaam ek it kommersjele en strategyske belang fan de Deenske koloniën yn West-Ynje op it aljemint, yn 1917 ferkocht Denemarken de Famme-eilannen oan de Feriene Steaten. Troch it ferlies fan Dútslân yn 1918 begûn it âlde grinskonflikt fan Sleeswyk-Holstein op 'e nij. It [[Ferdrach fan Versailles]] ferdielde de regio yn twa gebieten en nei in referindum yn 1920 kaam it noardlike diel wer by Denemarken. It súdlike part bleau ûnderdiel fan Dútslân.
[[Ofbyld:Grundlovgivende rigsforsamling - Constantin Hansen.jpg|thumb|''Den Grundlovsgivende Rigsforsamling'' (De wetjaande ryksgearkomste op 23 oktober 1848, skildere troch Constantin Hansen)]]
 
Yn 1939 die it Deenske regear te witten dat se har neutrale status yn oarlochstiid hâlde woenen. Lykwols begûnen de Dútsers op 9 april 1940 mei harren offensyf yn Denemarken. Nei wat lytsskalich ferset troch de keninklike garde by Amalienboarch Slot begûn de besettingstiid. Yn de earste trije jier fan de besettingstiid koenen de measte oerheidstsjinsten yn Deenske hannen bliuwe. It Deenske regear woe sa min mooglik slachtoffers en wurke dêrom gear mei de Dútsers. De Deenske befolking fersette him bytiden fûl tsjin de Dútske besetters sadat de Dútsers yn 1943 it Deenske regear ferfongen troch in Dútsk bestjoer. It Deenske leger waard twongen om de wapens del te lizzen en de Dútsers begûnen mei de deportaasje fan Deenske joaden. Lykwols wienen de measte Deenske joaden yn 'e nacht foar de machtswiksel nei it neutrale Sweden ta brocht. Yn de lêste achtjin moannen fan de oarloch waard de Deenske Frijheidsried, de drager fan it ferset, hieltyd aktiver. It Deenske ferset hie yn 1945 sa'n 50.000 minsken dy't strieden tsjin de besetter. Nei it ferlies fan Dútslân yn 1945 kaam der in nij regear mei dêryn fersetslieders en politisy fan foar de kriich.
 
Line 38 ⟶ 39:
 
== Geografy ==
[[Ofbyld:A Danish Perspective.jpg|rightleft|thumb|Denemark út it hielal wei.]]
Yn [[Jeropa]] wurdt it grutste part fan Denemark foarme troch in grut part fan it skiereilân Jutlân (''Jylland''). Eastlik dêrfan leit in grut tal eilannen. It grutste is Sjellân dêr't de haadstêd leit. Fierders lizze hjir de eilannen Fún, Lollân, Falster en Langelân, en tal fan lytsere eilannen. De grutte eilannen binne ferbûn troch brêgen, en Fún is mei twa brêgen ferbûn mei Jutlân. Tusken Sjellân en Sweden leit de Sont, in smelle seenaute mei dêroerhinne de Sontbrêge. Fierder nei it easten lizze yn de [[Eastsee]] noch in stikmannich Deenske eilannen, dêr't Bornholm it grutste fan is.

Denemark wurdt begrinzgje troch it Skagerrak yn it noarden en it Kattegat en [[Sweden]] yn it easten. Yn it suden grinse [[Eastsee]] en [[Dútslân]] en yn it westen de [[Noardsee]]. [[Kopenhagen|Keappenhaven]], Århus, Odense en Aalborg binne de iennichste stêden mei mear as 100.000 ynwenners.
 
=== Klimaat ===
Line 117 ⟶ 120:
== Keppeling om utens ==
* [http://denmark.dk/ Offisjele portaalside]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
[[Kategory:Denemark| ]]