Oerlis:Fêreu-eilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L bliuwt dreechjes
Rigel 5:
::Ik hie ''Faroe Islands'' as foarbyld fansels. By Fêr'''eur'''eilan'''nen''' hawwe jo twa meartalsformen dochs? It Ingelsk hat ek ''Faroese literature'', dan soe Fêreusk(e) en Fêreujer neffens my ek wol kinne... Nochris, ik liz ek net wekker fan Fêreur. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 17 des 2013, 16.47 (CET)
:::Wurdt de 'r' op de ein wol goed útsprutsen yn it Ingelsk? --[[Meidogger:Geoffrey|Geoffrey]] ([[Meidogger oerlis:Geoffrey|talk]]) 17 des 2013, 17.29 (CET)
::::De Ingelske foarm hat gjin 'r' op 'e ein, Geoffrey. Of begryp ik jo no ferkeard? [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 18 des 2013, 15.14 (CET)
:En as reäksje op Drewes: Ik hie wol troch hoe't jo oan "Fêreu-eilannen" kamen, en dy dûbele meartalsfoarm wie my ek bekend, mar ik tink dat wy datoangeande útsûnderings binne. Mar wy kinne it moeilik fan "Skieppe-eilannen" neame (wat de eigentlike betsjutting is) en yn it Nederlânsk hearre je ''Faeröereilanden'' ek geregeld foarbykommen. Mar ik haw ditoangeande gjin dúdlike foarkar. As dy ferrekte ûnfryske umlaut net op dy 'o' stien hie, hie it om my wol moai Faeröer bliuwe kind. Mei "Fêreur" besocht ik sa ticht mooglik tsjin 'e útspraak oan te wriuwen, mar as wurdfoarm fyn ik "Fêreu-eilannen" ek wol aardich (al sit "eilân" der dan noch altyd 2x yn; "faer" = skiep, "ö" = eilân). Mar ik haw ek al tocht, miskien kinne wy it ferbûge as "Fêreuster" (al docht dat miskien wer wat tefolle tinken oan "oester"). Dreech, dreech... [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 18 des 2013, 15.14 (CET)
Werom nei de side "Fêreu-eilannen".