Aailânpolder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: Eierlân siet yn de Midsieuwen fêst oan Flielân. Letter bruts it wetter der trochhinne en waard Eierlân in eigen eilân. It tilde der op fan de fûgels en de minsken gongen der...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 25 feb 2007 om 00.10

Eierlân siet yn de Midsieuwen fêst oan Flielân. Letter bruts it wetter der trochhinne en waard Eierlân in eigen eilân. It tilde der op fan de fûgels en de minsken gongen der hinne te aaisykjen; dêr komt de namme wei. Yn de 19e ieuw waard it waad tusken Teksel en Eierlân ynpoldere. De boeren dy't der nei wenjen setten kamen út hiel Nederlân, wat je no noch sjen kinne oan de nammen fan de pleatsen. In soad fan dy pleatsen lykwols binne yn de Russenoarloch ôfbaarnd troch de Wehrmacht.