Sikke Doele: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Libben: [[]] oars
L →‎Libben: +[[]]
Rigel 2:
 
== Libben ==
Sikke Doele waard berne yn [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]. Sikke syn heit wie [[Halbe Doele]], ien fan de oprjochters fan it tydskrift [[De Stiennen Man (tydskrift)|De Stiennen Man]] en fan de [[folkshegeskoalle]] ''Skylgeralân[[Schylgeralân]]'' op [[Skylge]], dêr't hy tagelyk de earste direkteur waard. Sikke Doele waard grut op it eilân, dat yn syn literêre wurk in grutte rol spylje soe. Nei de [[HBS]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] studearre hy oan de [[Rietveldakademy]] yn [[Amsterdam]]. Yn 1966 waard hy keunstkritikus by de Ljouwerter Krante, dy 't mei op syn inisjatyf in keunstredaksje krige en in keunstbylage by de krante opnom. Hy soe sa'n tritich jier oan de LC ferbûn bliuwe. Yn dy tiid boude hy de reputaasje op fan in deeglik ûnderleine en skerpsinnige waarnimmer, mei each foar details, dy't suver altyd myld fan toan wie, mar dy't de inkele kearen dat hy soks nedich achte ek tige fûl wêze koe.
 
Sikke Doele ferstoar op 29 juny 2002 mei 60 jier yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Hy kaam te hôf yn it Skylger doarp [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]].