Berne-evangeelje fan Tomas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L [[]] oars
Rigel 1:
It '''''Berne-evangeelje fan Tomas''''' (dat net betize wurde moat mei it ''[[Evangeelje fan Tomas]]'') is in algemien as [[apokryf]] beskôge [[kristendom|kristlike]] [[religy|religieuze]] tekst, besibbe oan it [[Nije Testamint]] fan 'e [[Bibel]]. It is in [[pseudepigraaf|pseudepigrafysk]] geskrift ûnder de namme fan 'e [[apostel]] [[Tomas (apostel)|Tomas]] en kin op syn ierst datearre wurde om it jier [[80]] hinne, hoewol't de measte saakkundingen it deroer iens binne dat it út 'e midden oant 'e ein fan 'e [[twadde ieu]] stamje moat. Sa't de titel al seit, is it in [[berne-evangeelje]], in tekst dy't djipper yngiet op 'e ferhalen oer de bernetiid fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]], sa't dy yn it [[kanonike evangeeljes|kanonike]] ''[[Evangeelje fan Lukas]]'' oanhelle wurde. It is ûndúdlik oft it ''Berne-evangeelje fan Tomas'' oarspronklik yn it [[Gryksk]] of it [[Syrysk]] skreaun wie, mei't de ierste Gryksktalige hânskriften pas út 'e [[trettjinde ieu]] datearje, wylst de ierste manuskripten in tige ferkoarte Syrysktalige ferzje út 'e [[sechsde ieu]] en in [[Latyn]]ske [[Palimpsest (manuskript)|palimpsest]] út 'e [[fyfde ieu|fyfde]] of [[sechsde ieu]] binne.
 
===Ynhâld===
Rigel 6:
In oare kears wurdt it wetter dat Jezus opikkere hat, ferpuozze troch in oare jonge. Dêrop ferflokt Jezus him, dat de jonge it bestjert. In oare jonge giet dea as er, skynber by ûngelok, tsjin Jezus oanrint, in stien nei Jezus smyt, of Jezus in opstopper jout (ôfhingjend fan 'e oersetting). As de buorlju fan [[Joazef (man fan Marije)|Joazef]] en [[Faam Marije|Marije]] by harren komme om ferhaal te heljen, wurde se troch Jezus mei blinens slein. Dêrnei wurdt der in learaar oannommen om Jezus ûnderrjocht ta jaan, mar hy is sa waanwiis dat er ynstee de learaar ûnderrjochtsje wol en de man ûntrêstiget mei boppenatuerlike tekens. Jezus fynt de ûntrêstiging fan 'e man fermaaklik, en hy werropt al syn eardere skynbere wredens. Dêrnei wekket er in freon wer ta libben dy't fan it dak ôf fallen is en genêst in oarenien dy't himsels yn 'e foet houd hat mei in bile. Nei ûnderskate oare demonstraasjes fan boppenatuerlik kinnen wurde der nije leararen foar Jezus oanlutsen, mar ynstee leit er harren de [[Pentateûch|Wet fan Mozes]] út. Dan folget in nije rige wûndertekens, wêrby't er syn broer genêst fan in slangebyt en twa oaren ta libben wekket dy't oan ferskillende dingen stoarn binne. Ta einbeslút folget dan it ferhaal út ''Lukas'' 2:41-52, wêryn't er op tolvejierrige âldens de wetgelearden yn 'e [[Timpel fan Jeruzalim|Timpel]] de Wet útleit.
 
===Keppelings om utens===
* {{en}} [http://www.earlychristianwritings.com/infancythomas.html/ Ingelske oersetting fan it ''Berne-evangeelje fan Tomas'']