Cle Elum (Washington): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 30:
 
==Skiednis==
Mei de bou fan it spoar oer de ''[[Stampede Pass'']] kaam it idee om in treinstasjon te bouwen op it plak wêr Cle Elum no leit. Yn 1886 waard de bou úteinset troch it [[Noardpasifysk Spoar]]. It stasjon waard ''Clealum'' neamd, nei de namme ''Tle-el-Lum'', wat 'fluch streamend wetter' betsjut yn de sprake fan de Kittitas [[yndianen]]. Dizze namme wie ornearre foar de rivier de Cle Elum. Yn 1908 wie de namme feroare ta ''Cle Elum''. De namme wie jûn oan it plak, de rivier en it ''mar [[Cle Elum (mar'')|Cle Elum]]. It plattegrûn fan de stêd (26 bunder) wie letter yn 1886 ûntwurpen.
Op 12 febrewaris 1902 waard it plak offisjeel in gemeente.
De ekonomy fan Cle Elum draaide yn de begjin jierren troch it houtseagjen fan kapte beammen. Der stiene 2 houtseachmûnen. De bou fan de ''[[Stampede Tunnel'']] foar it spoar, joech ek in ympuls foar de ekonomy. Ek wiene der koalminen yn de omkriten.
Yn 1913 waard de bou fan in autowei ''Sunset Highway'' tusken Seattle en [[Spokane (Washington)|Spokane]] úteinset. Dizze wei wie eins de foarrinner fan de Interatate 90.
Yn 1914 telde it plak 3000 ynwenners. Rûn 1900 wennen der mar sa'n 100.