Opstân fan de Georgjers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 3:
De ûngefear 800 Geörgjers wienen part fan it ''Ostlegion'' (''Eastlegioen''), wat de Dútsers gearstald hienen út soldaten dy't oan it [[Eastfront]] finzen naam wienen en twongen wienen om tsjinst te nimmen yn it Dútse leger as se net as kriichsfinzenen fan hûnger en kjeld stjerre woenen. Oant 5 april hienen se fungearre as besettingsmacht, mar dy dei hearden se dat se in dei letter yn East-Nederlân ynset wurde soenen yn gefjocht tjsin de [[Alliearden]].
 
De Geörgjers hienen fan doel wêst om op [[20 april]] yn opstân te kommen. Dat soe makliker wêze om't it de jierdei fan [[Adolf Hitler]] wie en se tochten dat se dan it eilân wol yn hannen holde koenen oant de Alliearden kamen. Mar no wienen se twongen en doch it daalks. Om ien oere nachts besochten se al de Dútsers fan harren bataljon dea te dwaan. Dan soenen se de geskutsbatterijen ynnimme, en dermei koenen dan se Teksel tsjin de Dútsers ferdedigje. It plan slagge net, en twa DútserDútsers koenen weikomme. De súdlike batterijen en [[De Helder]] waarden warskôge, en it slagge de Geörgjers net de Súdlike batterijen yn te nimmen eart de Dútsers [[6 april|dy dei]] in tsjinoffensyf mei 600 man mei swier materieel ynsetten.
 
De Geörgjers slaggen der net yn de batterijen yn te nimmen. Yn stee dêrfan waard [[De Burch]] troch de batterijen ûnder fjoer naam en swier skansearre. It fleanfjild koe yn it begjin noch wol hâlden wurde; dat soenen dan, sa wie it plan, de Britten brûke kinne foar harren offensyf. Mei in lyts boatsje, de "Joan Hodshon", binne in pear Geörgjers en mannen fan it ferset nei Ingelân fearn foar help. De Britten lykwols doarren it net oan. De gefjochten duorren wikenlang wylst de Geörgjers hieltiid fierder tebekdreaun waarden. Fral yn de [[Eierlânpolder]] waard slim fjochten, en tsientallen pleatsen waarden delbaarne. De lêste regele gefjochten wienen op [[22 april]] oan de noardkant fan it eilân, dêr't Geörgjers harren yn de fjoertoer fan [[De Cocksdoarp]] ferskânze hienen. Mar ferspraat oer it eilân gongen de Geörgjers fierder mei harren ferset.
 
Doe't de Dútsers it eilân wer yn hannen hienen gongen se hiel it eilân oer te sykjen nei de lêste Geörgjers. Mear as sântich Geörgjers waarden eksekutearre. Mar ek de fersprate Geörgjers skeaten Dútsers dea as se dat koenen. Se waarden holpen troch it ferset, wat mei focht, en wat besocht om de Geörgjers út hannen fan de Dútsers te hâlden. Al op 6 april wienen boargers eksekutearre om't it ferset de side fan de Geörgjers kezen hie, en no eksekutearren de Dútsers eltsenien dy't de Geörgjers holpen. Dochs koenen in pear hundert Geörgjers holpen troch it ferset út hannen fan de Dútsers bliuwe. Earst op 20 maaie waarden se troch de Kanadezen ûntset.
 
Doe't Teksel úteinlik frij wie, wienen op dit ''lêste slachtfjild yn Jeropa'' 117 boargers fallen, tusken de 482 en 565 Geörgjers en tusken de 420 en 2347 Dútsers. De hope fan de Geörgjers en de freze fan de Dútsers wie, dat ek oare Russyske battaljons oan de kust fan [[Noard-Hollân]] yn opstân komme soenen, wat net barre. Mar de Russenoarloch hie al as gefolch dat sa'n 4000 dútsers weitrokken waarden út de de ferdigening fan Hollân, wat de Kanadeeske opmars ferhastige. Mei troch dit gefolch waarden de Geörgjers, doe't se nei de [[Sovjetuny]] weromstjoerd waarden, ynhelle as helden, en waarden se net bestraft foar harren tsjinst yn it Dútske leger.
 
==Keppelings om utens==
* [http://www.hetopenboek.nl/opstand.htm literatueroersjoch]
* [http://www.oorlogsmonumenten.nl/omn/6383?nav=detail Begraafplak 'Loladze']
* [http://www.oorlogsmonumenten.nl/getuigenverhalen/Cor%20Kievits.html Tsjûgenis fan Cor Kievits]
* [http://kriegsende.ard.de/pages_std_lib/0,3275,OID1113882,00.html Texel - der Krieg, der nicht enden wollte]
 
 
[[Kategory:Skiednis]]