De Eumeniden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
kt
Rigel 2:
'''''De Eumeniden''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]]: '''Εὐμενίδες''', '''''Eumenides''''' (wat yn 'e [[Grykske mytology]] goede geasten wiene), is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e grutte [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[Aiskylos|Aiskylos of Aeschylus]] (±525-±455 f.Kr.). It is in [[trageedzje]] wêryn't ferhelle wurdt hoe't de god [[Apollo]] [[Orestes (Grykske mytology)|Orestês]] nei it plak ta bringt dêr't er berjochte wurdt troch de goadinne [[Atene (goadinne)|Atene]] foar de moard op syn mem [[Klytemnêstra]]. ''De Eumeniden'' heart ta de toanieltrilogy ''[[Oresteia]]'', dêr't it it lêste diel fan foarmet. Yn 'e mande mei de oare beide dielen wûn it by de jierlikse toanielwedstryd op it [[Atene|Ateenske]] [[Feest fan Dionysus]] yn 458 f.Kr. de earste priis. It stik waard yn it [[Frysk]] oerset troch [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]].
 
===Ynhâld===
Nei't er syn mem Klytemnêstra deade hat as wraak foar har moard op syn heit [[Agamemnon]], wurdt Orestês tramtearre en opjage troch de [[Fueryen]], de ierdgoadinnen dy't yn 'e [[Grykske mytology]] misdieden as [[matriside]] en [[patriside]] bestraffe. Hy siket beskûl yn 'e nije timpel fan [[Apollo]] te [[Delfy]]. De god, dy't him net behoedzje kin foar de ûnfersoenlike grime fan 'e Fueryen, stjoert him ûnder begelieding fan 'e god [[Hermes]] nei [[Atene]] ta, wylst er in betsjoening fan sliep oer de Fueryen leit om dy op te hâlden. Mar Klytemnêstra har geast ferskynt yn in dream oan 'e wraakgoadinnen, en fiteret harren oan om 'e jacht op Orestês net te ferslûgjen. Dêrtroch wurde de Fueryen wer wekker en nimme se de ferfolging wer op. Yn Atene komme se Orestês einlings oer it mad; se spoare him op troch de rook fan it bloed fan syn mem te folgjen, dy't syn hannen ôfjouwe. As se him yn it each krije, slute se him yn, en yn deadseangst en smeekbea klammet er him fêst oan in byld fan 'e goadinne [[Atene (goadinne)|Atene]].
 
Op dat stuit grypt Atene yn. Hja bringt in [[sjuery (rjochtspraak)|sjuery]] fan alve Ateners gear om oer Orestês te oardieljen. Apollo ferfollet dêrby de rol fan [[abbekaat]], wylst de Fueryen foar de fermoarde Klytemnêstra sprekke. Under de berjochting praat Apollo Atene oan dat yn it houlik de man wichtiger is as de frou; dat docht er troch him op har berte te beroppen (neffens de Grykske mytology soe de goadinne Atene inkeld oan it ferstân fan har heit, de oppergod [[Seus]] ûntspruten wêze, sûnder dat der in frou oan te pas kaam). Trochdat Atene dan foar frijspraak stimt, hâlde de stimmen dy't de sjuery útbringt foar skuldich en ûnskuldich inoar yn lykwicht. Om't Atene yn 't foar sein hie dat yn sa'n gefal de beklage frijút gean soe, wurdt Orestês frijsprutsen. Dêrnei set de goadinne útein mei it oerheljen fan 'e Fueryen om 'e útspraak te akseptearjen, wat har, nei lang op harren ynpraat te hawwen, úteinlik slagget. De wraakgoadinnen sille tenei, fanwegen harren bûgen foar it rjocht, yn Atene fereare wurde (mei't hja no ''eumeniden'', goede geasten, wurden binne), en de goadinne Atene ferklearret dat yn it ferfolch de beklage altiten frijsprutsen wurde sil as de sjuery net ta in mearderheidsútspraak komme kin, mei't genede altiten foarrang krije moat boppe ûnmeilydsumens.
 
===Fryske oersetting===
De [[Frysk]]e oersetting fan ''De Eumeniden'' waard foar 't neist yn 'e njoggentiger jierren makke troch klassyk [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]], dy't teffens ferantwurdlik is foar de Fryske fertalings fan [[Homêros]] syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]'' en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan [[Sofoklês]]. Yn in fraachpetear mei [[Abe de Vries]], ta gelegenheid fan it ferskinen fan 'e Fryske ''Ilias'' en ''Odyssee'', yn [[2004]], fertelde Bruinsma dat er ek de ''"de trilogy oer de Oresteia"'' yn it Frysk oerset hie.<ref>Vries, Abe de, ''It magnum opus fan Klaas Bruinsma: de Ilias en de Odyssee yn it Frysk''.</ref> Yn 'e katalogus fan [[Tresoar]] is lykwols inkeld it earste diel, ''[[Agamemnon (toanielstik)|Agamemnon]]'', werom te finen, dat ''De Eumeniden'' en it middelste diel, ''[[De Offerplingsters]]'', lizze spitigernôch wierskynlik noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen. It is dan ek net alhiel dúdlik wannear't de oersetting krekt makke is, mar mei it each op it feit dat de fertaling fan ''Agamemnon'' út [[1993]] is, sil ''De Eumeniden'' foar 't neist út datselde jier of fan koart dêrnei datearje.
 
Rigel 18:
 
{{DEFAULTSORT:Eumeniden, De}}
[[Kategory:ToanielToanielstik]]
[[Kategory:Aldgrykske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]