De Froulju fan Trakhis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L folle namme
kt
Rigel 2:
'''''De Froulju fan Trakhis''''', yn it oarspronklike [[Aldgryksk]]: '''Τραχίνιαι''', '''''Trachiniai''''', is in [[toanielstik]] fan 'e hân fan 'e grutte [[Grikelân|Grykske]] [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[Sofoklês]] (496-406 f.Kr.). It is in [[trageedzje]] dy't ferhellet oer hoe't [[Herakles|Heraklês]], de held en [[healgod]] út 'e [[Grykske mytology]], oan syn ein komt troch tadwaan fan syn eigen frou. It is ûnbekend wannear't Sofoklês dit toanielstik krekt skreaun hat, al moat dat foàr it jier 442 f.Kr. west hawwe. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] datearret fan [[1991]].
 
===Ynhâld===
''De Froulju fan Trakhis'' begjint as [[Deïaneira]], de frou fan Heraklês, yn in monolooch foar har hûs te [[Trachis|Trakhis]] ferhellet oer har jonkheid en hoe't se har oanpasse moatten hat nei har houlik. No sit se yn oer Heraklês syn ferwaarleazging fan syn gesin: hy is aloan en alwer op 'en paad en behelle yn it iene aventoer nei it oare, mar hy taalt suver net nei syn frou en bern. No sit se yn noed oer de profesijen dy't geane oer Heraklês en it lân dêr't er op it stuit tahâldt, dat se stjoert harren soan [[Hyllos|Hullos]] om him te finen. Fuort nei't Hullos ôfset is, arrivearret der in boadskipper mei it berjocht dat Heraklês de oerwinning behelle hat yn in oarloch en dat er no mei gauwens thúskomme sil.
 
Rigel 13:
Deïaneira skammet har djip en hat botte spyt fan har die. As dêr de skerpe wurden fan Hullos noch by komme, jout se har ôf en slacht de hân oan harsels. Pas dêrnei ûntdekt Hullos dat it har bedoeling net wie om Heraklês te deadzjen. De stjerrende Heraklês wurdt ûnderwilens nei hûs ta droegen. Hy lijt ferskriklike pine en is poerrazen oer wat er mient dat in moardoanslach op him troch syn eigen frou is. As Hullos him de wierheid útleit, beseft er lykwols dat de profesijen oer syn dea útkommen binne: der waard fan him sein dat er fermoarde wurde soe troch in deade, en sa is it ek gien, want de Nessos hat fan oare kant it grêf de hân útstutsen om him te fermoardzjen. Uteinlik wurdt de pine sa slim dat er smeket om út syn lijen ferlost te wurden. Syn lêste winsk is dat Hullos mei Iole trouwe sil. It toanielstik einiget as Heraklês fuortdroegen wurdt om libben kremearre te wurden.
 
===Fryske oersetting===
De Fryske oersetting fan ''De Froulju fan Trakhis'' waard, neffens in artikel dat yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]'' ferskynde<ref>Kroes, Jan, ''Trije Trageedzjes fan Sofoklês Ferfryske''.</ref> yn [[1991]] makke troch klassyk [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]], dy't ek ferantwurdlik is foar de Fryske oersettings fan [[Homêros]] syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]'' en fan 'e oare seis oerlevere toanielstikken fan Sofoklês. ''De Froulju fan Trakhis'' is lykwols nea as sadanich útjûn, en is boppedat ek net werom te finen yn 'e katalogus fan [[Tresoar]]. Dat spitigernôch leit er foar 't neist noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen.
 
Rigel 25:
{{Berjocht:Sofoklês}}
 
[[Kategory:ToanielToanielstik|Froulju fan Trakhis, De]]
[[Kategory:Aldgrykske literatuer|Froulju fan Trakhis, De]]
[[Kategory:Fryske oersetting|Froulju fan Trakhis, De]]