Hear Thomas Cromwell: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
kt
Rigel 2:
'''''Hear Thomas Cromwell''''', yn it [[Ingelsk]]: '''''Thomas Lord Cromwell''''' (eins folút: ''The True Chronicle History of the Whole Life and Death of Thomas Lord Cromwell'', "De Wiere Kronykskiednis fan it Hiele Libben en de Dea fan Hear Thomas Cromwell"), is in [[toanielstik]] fan ûnbekend auteurskip út 'e [[Elizabetaanske Tiid]], oer [[Thomas Cromwell]], greve fan [[Esseks (greefskip)|Esseks]], de kânselier fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] kening [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]]. It stik bestiet fierhinne út polityk kommentaar of, as men it fan in oare kant besjocht, [[Anglikaanske Tsjerke|anglikaanske]] [[religy|religieuze]] propaganda. It is ûndúdlik wannear't ''Hear Thomas Cromwell'' krekt skreaun is; guon saakkundigen wolle it sa ier datearje as [[1582]]-[[1583]], wylst oaren miene dat it yn [[1599]]-[[1600]] skreaun wêze moat. Yn elts gefal waard it registrearre yn it ''[[Stationers' Register]]'', de gesachhawwende útjouwerskatalogus fan dy tiid, yn [[1602]], en letter datselde jiers foar it earst publisearre troch de boekferkeaper William Cotton.
 
===Auteurskip===
Op 'e foarside fan Cotton syn útjefte stiet fermeld dat it stik opfierd waard troch it ferneamde teäterselskip de ''[[Lord Chamberlain's Men]]'', en wurdt de [[skriuwer]] neamd as "W.S." Op 'e foarside fan in twadde útjefte, út [[1613]], troch Thomas Snodham, wurdt op 'e nij oanjûn dat "W.S." de skriuwer is, al binne de ''Lord Chamerlain's Men'' no de ''[[King's Men]]'' wurden (dat is itselde teäterselskip; de nammeferoaring fûn plak yn [[1603]]). "W.S." waard foar it earst identifisearre mei de wiidferneamde [[toanielskriuwer]] [[William Shakespeare]], doe't [[útjouwer]] [[Philip Chetwinde]] ''Hear Thomas Cromwell'' yn [[1664]] tafoege oan 'e twadde printinge fan syn saneamde ''Third Folio'' fan Shakespeare syn wurk. Sadwaande wurdt dit stik ta de [[Shakespeariaanske apokrifa]] rekkene, al wize moderne saakkundigen de taskriuwing oan Shakespeare frij algemien fan 'e hân. Men spekulearret dat "W.S." ynstee foar [[Wentworth Smith]] of [[William Sly]] stien hawwe koe. Ek [[Thomas Heywood]] en [[Michael Drayton]] binne wol neamd as mooglike skriuwer, mar dy suggestjes ûntbrekt it oan ûnderbouwing.
 
Rigel 14:
 
[[Kategory:Shakespeare]]
[[Kategory:ToanielToanielstik]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]