John Oldcastle (toanielstik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
kt
Rigel 2:
'''''John Oldcastle''''', yn it [[Ingelsk]]: '''''Sir John Oldcastle''''' (eins folút: ''The First Part of the True and Honorable History of the Life of Sir John Oldcastle, the Good Lord Cobham'', "It Earste Diel fan de Wiere en Earbere Skiednis fan it Libben fan John Oldcastle, de Goede Hear fan Cobham"), is in histoarysk [[toanielstik]] fan ûnbekend auteurskip út 'e [[Elizabetaanske Tiid]]. It giet oer [[John Oldcastle]], in kontroversjele ealman, opstanneling en ketter (''[[lollard]]'') út 'e lette [[fjirtjinde ieu|fjirtjinde]] en iere [[fyftjinde ieu]], dy't yn [[1417]] [[ophinging|ophongen]] en [[brânsteapel|ferbaarnd]] waard foar [[ketterij]], en dy't troch in protte lju fan nei de [[Reformaasje]] sjoen waard as in proto-[[protestantisme|protestantske]] [[martelder]]. It is ûndúdlik wannear't ''John Oldcastle'' krekt skreaun is, mar it stik waard yn elts gefal foar it earst publisearre yn [[1600]], troch [[útjouwer]] [[Valentine Simmes]] foar boekferkeaper [[Thomas Pavier]].
 
===Auteurskip===
Yn [[1619]] ferskynde der in twadde útjefte, wêrby't it wurk oan 'e wiidferneamde [[toanielskriuwer]] [[William Shakespeare]] taskreaun waard. Mei't yn it deiboek fan [[Philip Henslowe]], dy't blykber opdracht joech ta it skriuwen fan ''John Oldcastle'', fernijd wurdt dat it stik ynstee it resultaat wie fan in gearwurking tusken [[Anthony Munday]], [[Michael Drayton]], [[Richard Hathwaye]] en [[Robert Wilson (toanielskriuwer)|Robert Wilson]], liket de taskriuwing oan Shakespeare gjin hout te snijen. (Henslowe notearre letter ek noch dat er Drayton betelle hie foar it twadde diel fan it stik, dat net oerlevere is; sadwaande wurdt it besteande toanielstik ek wol '''''John Oldcastle, Diel 1''''' neamd.) Dochs waard it stik yn [[1664]] mei seis oaren troch útjouwer [[Philip Chetwinde]] opnommen yn 'e twadde printinge fan 'e saneamde ''Third Folio'' fan Shakespeare syn wurk, en wurdt it sadwaande ta de [[Shakespeariaanske apokrifa]] rekkene.
 
===Shakespeare en Oldcastle===
Der bestiet wol in oare link tusken Shakespeare en John Oldcastle: it personaazje fan 'e korrupte âld ridder John Falstaff, dat foarkomt yn twa fan Shakespeare syn [[Shakespeariaanske keningsstikken|keningsstikken]] (''[[Hindrik IV (toanielstik), Diel 1|Hindrik IV, Diel 1]]'' en ''[[Hindrik IV (toanielstik), Diel 2|Diel 2]]'') en ien fan syn [[Shakespeariaanske komeedzjes|komeedzjes]] (''[[De Fleurige Wyfkes]]''), skynt oarspronklik John Oldcastle hjitten te hawwen. Falstaff komt yn dy stikken nei foarren as net sa'n fraai hearskip. De namme John Falstaff wie basearre op 'e histoaryske John Falstolf, dy't oars as Oldcastle sûnder neiteam stoar, sadat nimmen der oanstjit oan naam dat Shakespeare syn namme troch it slyk helle.
 
Rigel 17:
 
[[Kategory:Shakespeare]]
[[Kategory:ToanielToanielstik]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]