Tebaanske Trilogy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side

L kt + red
Rigel 2:
De '''Tebaanske Trilogy''' is in oantsjutting foar trije fan 'e sân oerlevere [[toanielstik]]ken fan 'e [[Grikelân|Grykske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[Sofoklês]]. It giet dêrby om ''[[Kening Oidipoes]]'', ''[[Oidipoes yn Kolonos]]'' en ''[[Antígoné]]''. Dizze trije stikken behannelje allegear it lot fan 'e Grykske stêdsteat [[Tebe (Grikelân)|Tebe]] ûnder en nei it regear fan kening [[Oidipoes]]. Se foarmje net sasear in trochrinnend ferhaal, as wol momintopnames út in trochrinnend ferhaal, en binne gauris yn ien bân útjûn. Sofoklês skreau de trije stikken lykwols foar ûnderskate jiergongen fan 'e toanielwedstryd op it [[Feest fan Dionysus]]. Se foarmje sadwaande gjin bedoelde trilogy, en boppedat besteane der guon ûnderlinge tsjinstridichheden tusken de stikken. Mar likegoed wurde se faak yn ien sike wei neamd. Alletrije stikken fan 'e Tebaanske Trilogy binne troch klassyk [[oersetter]] [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]], dy't ek ferantwurdlik foar û.m. de Fryske fertalings fan 'e ''[[Ilias]]'' en de ''[[Odyssee]]'', oerset yn it [[Frysk]].

===Ynhâld===
''''';Kening Oidipoes'''''

{{Apart|Kening Oidipoes}}
''Kening Oidipoes'', dat gronologysk it earste fan 'e trije stikken is, mar dat Sofoklês as twadde skreaun hat, fertelt fan Oidipoes, in man dy't fan syn berte ôf foarbestimd is om syn heit te fermoardzjen en mei syn mem te trouwen. En wat mear oft er him tsjin dy profesije ferset, wat flugger oft dy yn ferfolling giet.

''''';Oidipoes yn Kolonos'''''

'''''Oidipoes yn Kolonos'''''

{{Apart|Oidipoes yn Kolonos}}
Yn ''Odipoes yn Kolonos'' arrivearret de bline en ferballe Oidipoes, laat fan syn dochter Antígoné, yn it [[Atene|Ateenske]] doarpke [[Kolonos]], dêr't Têseus, de kening fan Atene, him asyl jout. Oidipoes kin foar syn dea syn soannen der net mear fan ôfbringe en beoarlogje inoar om 'e macht yn Tebe.

''''';Antígoné'''''

'''''Antígoné'''''

{{Apart|Antígoné}}
Yn ''Antígoné'' is de haadrol weilein foar Oidipoes syn dochter Antígoné, dy't foar in dilemma komt te stean: it earfolle dwaan en dan ta de dea feroardiele wurde, of har slûksturtsjend katoen hâlde en trochlibje. Hja kiest foar de earfolle wei, wat in katastrôfe opsmyt foar it keningshûs fan Tebe.
Line 19 ⟶ 17:
{{Berjocht:Sofoklês}}

[[Kategory:ToanielToanielstik]]
[[Kategory:Aldgrykske literatuer]]
[[Kategory:Fryske oersetting]]