Tomas fan Woodstock (toanielstik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
kt
Rigel 1:
'''''Tomas fan Woodstock''''', yn it [[Ingelsk]]: '''''Thomas of Woodstock''''' (inkeld ek wol '''''Richard II, Diel 1''''' neamd), is in [[Ingelân|Ingelsk]] [[toanielstik]] fan ûnbekend auteurskip út 'e [[Elizabetaanske Tiid]]. It is inkeld oerlevere yn 'e foarm fan in anonym en nammeleas manuskript (''MS. Egerton 1994''), dat op 'e noed is fan it [[Britsk Museum]]. Yn ''Tomas fan Woodstock'' wurde de foarfallen út it regear fan 'e Ingelske kening [[Richard II fan Ingelân|Richard II]] (reg. [[1377]]-[[1399]]) behannele, dy't laten ta de moard op 'e omke fan 'e kening, [[Tomas fan Woodstock, 1ste hartoch fan Gloucester|Tomas fan Woodstock]], de hartoch fan [[Gloucester]], yn [[1397]]. Der wurdt gauris fan útgien dat it stik sterk beynfloede is troch de [[Shakespeariaanske keningsstikken]] ''[[Richard II (toanielstik)|Richard II]]'' en ''[[Hindrik IV (toanielstik), Diel 1|Hindrik IV, Diel 1]]'' en ''[[Hindrik IV (toanielstik), Diel 2|Diel 2]]''.
 
===Auteurskip en datearring===
Guon saakkundigen hawwe ''Tomas fan Woodstock'' taskreaun oan 'e [[William Shakespeare]], en sadwaande wurdt it ta de [[Shakespeariaanske apokrifa]] rekkene, mar oer dy taskriuwing binne de mienings yn akademyske fermiddens djip ferdield, mei party wittenskippers dy't it suver wis achtsje dat Shakespeare alteast by it skriuwen fan it stik belutsen wie, wylst oaren dêr neat fan witte wolle. In wichtich argumint tsjin Shakespeariaansk auteurskip is dat yn ''Tomas fan Woodstock'', dat yn 'e histoaryske gronology fan 'e Shakespeariaanske keningsstikken foàr ''[[Richard II (toanielstik)|Richard II]]'' falle soe, [[Henry Green (politikus)|sir Henry Green]] sneuvelet yn akte V, wylst dyselde oan it begjin fan ''Richard II'' wer libbet oant er yn akte III op befel fan [[Hindrik IV fan Ingelân|Hindrik IV]] terjochtsteld wurdt. As ''Tomas fan Woodstock'' al in toanielstik fan Shakespeare is, soe dit yn syn hiele oeuvre it iennichste foarbyld wêze fan immen dy't twaris stjert.
 
Rigel 13:
 
[[Kategory:Shakespeare]]
[[Kategory:ToanielToanielstik]]
[[Kategory:Ingelske literatuer]]