Content deleted Content added
Rigel 26:
Goeie K. Ik soe jo wol helpe wolle, mar haw soks en noch nea by de ein hân. Jo soene Ieneach freegje kinne. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|talk]]) 23 des 2013, 16.13 (CET)
:Ja, mei dy ynfoboksen haw ik earst ek in hiel hoart ompield, en soms krij ik it noch net hielendal nei 't sin. Ik tink dat it it fluchste giet as ik der even ien foar jo oanmeitsje, want om it sa fia skreaune tekst út te lizzen, dat wurdt in hiele toer. Ik kom der letter (hjoed of uterlik moarn) even op werom. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 24 des 2013, 12.33 (CET)
::No, ik haw in ynfoboks foar Amerikaanske countys (en oare gebieten) makke. De ynfoboks stiet hjir: [[Berjocht:Universele ynfoboks gebiet]]. Mar ik moast him fansels ek even prebearje om te sjen oft er goed wurke, dat it is foar jo it maklikst om 'e ynfoboks fan 'e side [[Yakima County (Washington)]] oer te nimmen en oan te passen foar oare siden. Ik haw der mei sin noch twa ekstra mooglike bestjoerslagen yn oanbrocht; miskien ha wy dy nea nedich, mar ús mem sei altyd: "Better dermei ferlegen as derom ferlegen." Foar Amerikaanske countys kinne jo dat spul (bestjoerlike ienheid 2, namme bestjoerlike ienheid 2, bestjoerlike ienheid 3, namme bestjoerlike ienheid 3) gewoan iepenlitte, en om't it in '''universele''' ynfoboks is, lit it systeem se dan "op 'e foarkant" (sil ik it mar neame) net sjen.
 
::Sa. Ik hoopje dat jo hjir earst wer mei fierder kinne. Dizze ynfoboks kinne jo trouwens in flagge en/of wapen fan in county net yn kwyt, mar de meast Amerikaanske countys lykje gjin flaggen/wapens te hawwen, of alteast, se steane net op 'e siden yn 'e Ingelske Wikipedy fermeld. As jo ien tsjinkomme wêrby't al in flagge en/of wapen beskikber is, lykas [[:en:Los Angeles County, California]], dan sjogge wy dan wol wer. Noflike krystdagen en goed útein! [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|talk]]) 24 des 2013, 22.31 (CET)