Senarioskriuwer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side (read triedsje fuort)
 
L + synonym
Rigel 1:
In '''senarioskriuwer''' (men heart ek wol de [[Ingelsk]]e fariant '''''screenwriter''''') is in [[skriuwer]] dy't [[senario|senario's]] skriuwt, de skriftlik fêstleine ferhaallinen dêr't [[film]]s, [[tillevyzje]]searjes en oare tillevyzjeprogramma's, [[stripferhaal|strips]] en [[fideospultsje]]s op basearre binne. It skriuwen fan senario's is in ''[[freelance]]''-berop, dêr't gjin opliedingseasken foar steld wurde, en dêr't men inkeld de keunst fan it goed fertellen fan ferhalen en in libbene fantasij foar nedich is. Senarioskriuwers wurde net oannommen as wurknimmers, mar wurde foar eltse put apart ynhierd.
 
De measte, mar net alle, senarioskriuwers sette harren karriêre útein troch ''on spec'' te skriuwen; dat is in [[Ingelsk]]e ôfkoarting foar ''on speculation'', en wol safolle sizze as "op 'e dolle rûs". Mei oare wurden, se skriuwe earst in senario, en besykje dat dêrnei te ferkeapjen oan in film-, tillevyzje- of fideospultsjeprodusint. Sadree't se wat súkses krije of namme makke hawwe, wurdt dy wurkwize yn 'e regel omdraaid, en komme de produsinten by de senarioskriuwers mei de opdracht om in spesifyk senario te skriuwen. Wat ûnder senarioskriuwers de amateurs fan 'e professionals ûnderskiedt, is dat de berops ornaris fertsjintwurdige wurde troch in talinte-agintskip. Fierders wurkje profesjonele senarioskriuwers net of mar komselden fergees, wylst amateurs geregeldwei ûnbetelle putsjes oanpakke moatte om bekendheid te krijen sadat se fan har hobby har berop meitsje kinne. Dat proses duorret meastal jierren, en ferget frijwat trochsettingsfermogen.