Yakima (rivier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[File:Yakimarivermap.jpg|right|thumb|240px|Streamgebiet fan de Yakima]]
[[File:WASR10 YakimaRiver.jpg|right|thumb|240px|Washington steatswei 10 njonken de Yakima by it doarp [[Thorp (Washington)|Thorp]].]]
De rivier de Yakima (Ingelsk: ''Yakima River'') is in rivier yn it súdmidden fan de Amearikaanske steat [[Washington (steat)|Washington]]. De rivier hat syn namme krigen fan de [[Yakama]] [[yndianen]], dy't de rivier ''Tap Teel'' nommen. De rivier is 344 km lang en it hat in trochsneed delrinnen fan 1,866 m/km. De rivier ûntspringt yn de [[Cascades]] berchtme by de ''Keechelus Daam'' yn it [[Keechelus Mar]] by [[Snoqualmie Pass (Washington)|Snoqualmie Pass]]. It rint troch it doarp [[Easton (Washington)|Easton]], by de plakken [[Thorp (Washington)|Thorp]], [[Ellensburg (Washington)|Ellensburg]] en dan bûcht hy nei it suden nei de stêd [[Yakima (Washington)|Yakima]] wêr hy lâns rint om dan yn [[Richland (Washington)|Richland]] yn de rivier de [[Kolumbia (rivier)|Kolumbia]] út te mûnen op in hichte fan sa'n 100 m.
De iere bewenners wiene yndianen en op 17 oktober 1805 kaam de [[Lewis en Clark Ekspedysje]] oan by de mûning fan de rivier, mar farren de rivier net fierder op.
 
==Lânbou en rekreaasje==
De rivier foarmet in wichtige boarne foar bewettering fan it droege, mar frjochtbere lân yn benammen de ''Kittitas'' en ''Yakima Falleien''. Der is dêr in ryk ferskaat fan lânbou, lykas druven, wynbou, kjersen, apels, ierdappels, hops, hea, weet, mais, ensfh. mei in totaal oerflak fan sa'n 2600 km².
Ek is der in soad rekreaasje, lykas rafte, kayakke. Benammen by Ellensburg en Richland wurdt dit in soad dien. Ek binne der kuierpaden by Richland en de ''Yakima River Canyon'', in kleau tusken Ellensburg en [[Selah (Washington)|Selah]].
 
==Sydrivierren==
Rigel 31:
==Yakima Fallei==
[[File:Yakima River south of Union Gap.jpg|thumb|right|300px|De Yakima besuden [[Union Gap (Washington)|Union Gap]] mei yn de fierte de Ahtanum en Rattlesnake heuvels.]]
De '''Yakima Fallei''' is(Ingelsk: de''Yakima legereValley'') geaenis omin [[delling]] fan de rivier de Yakima hinne yn [[Yakima County]] en [[Benton County (Washington)|Benton County]].
It wurdt begrinze troch de Cascades yn it westen, de ''Umptanum'' en ''Rattlesnake'' heuvelriges yn it noarden en noardeasten en de ''Toppenish'' en ''Horse Heaven Hills'' heuvelriges yn it suden. De Falleidelling bestiet út in hegere delling (''HeechfalleiUpper Valley'') en in in legere delling (''LeechfalleiLower Valley'').
De Heechfalleihegere delling leit noardliker en skiedt him mei de ''Ahtanum'' en ''Rattlesnake'' heuvelriges ôf fan de Leechfalleilegere delling, mei in gat (''gap'') tusken de Ahtanum en Rattlesnake riges justjes besuden [[Union Gap (Washington)|Union Gap]], wêr't de rivier de Yakima troch stroomt.
De Heechfalleihegere delling hat in hegere befolkingstichtens mei de stêdekloft fan Grutter Yakima mei sa'n 130.000 ynwenners.
De falleidelling sels is net flak, mar hat in rôljendeweagjend gea en hat sels ek lytsere heuvelrychjes, lykas ''Snipes Mountain''.
Yn beide parten fan de falleidelling is der in ryk ferskaat oan lânbou. Benammen fruit en wyngerds, mar ek hop (75% fan de totale produksje fan de FS komt út de Yakima Fallei), weet, mais en feehâlderijen.
It diel besuden de Ahtanum heuvels, de Yakima rivier oant [[Mabton (Washington)|Mabton]] falt ûnder de Yakama [[yndianereservaat]], dat sa'n 3600 km² fan de falleidelling beslacht.
Yn 1905 is de ''Yakima Basin Project'' úteinset. Dat is it bewetterjen fan de droege, mar frjochtbere lân yn de falleidelling, wêr't jierliks in trochsneed wetter delfal fan ûngefear 200-220 mm is. Mei dit projekt binne bewetterings sleatten groeven fan de Yakima rivier troch de Fallei hinne om it wetter fan de rivier te ferfieren. In wichtige sleat is it ''Sunnyside Kanaal''. De bewettering wurdt beheard troch 2 [[wetterskip]]pen lykas de ''Sunnyside Valley Irrigation District'' en ''Roza Irrigation District''. De bewettering yn de Yakama yndianereservaat falt ûnder it bestjoer fan it reservaat.