L
gjin bewurkingsgearfetting
L (-tikfl) |
LNo edit summary |
||
'''Mulo''' (ek '''Ulo''') wie de ôfkoarting foar '''(mear) útwreide leger ûnderwiis''', in Nederlânske skoalfoarm dy't ûntstie ûnder de [[Underwiiswet fan 1857]], in skoalle foar fuortset ûnderwiis nei de [[legere skoalle]].
Nei de fjouwerjierrige Mulo koe trochstreamd wurde nei de [[middelbere famkesskoalle|mfs]] of [[Hegere Boargerskoalle|hbs]]. It skriftlike en
Neist de gewoane Mulo, ek wol Mulo-A neamd, wie der de Mulo-B; yn it lêste jier, it eksamenjier waard ekstra algebra, mjitkunde (o.a. [[goniometry]]) en [[fysika]] (natuerkunde mei [[meganika]]) jûn en eksaminearre. As tagelyk eksamen foar Mulo en Mulo-B dien waard, koe ien fan de frjemde talen en ierdrykskunde of skiednis ferfalle. Fansels ferfoel dan ek de 'normale' algebra, mjitkunde en natuerkunde. Fierders koe eksamen dien wurde yn boekhâlden, bedriuwsrekkenjen, hannelskennis, [[bedriuwslear]] en [[rjochts- en wetskennis]]. Yn sa'n gefal krige men in oantekening op it diploma, dat lykweardich oan it [[middenstânsdiploma]] wie. Dan wienen der skoallen dêr't fakultatyf eksamen dien wurde koe yn tekenjen of [[skiedkunde]] (mei in ienfâldiger en in moeiliker programma).
|