Ramayana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L red + boarnen
Rigel 1:
[[Ofbyld:Stone bas relief at Banteay Srei in Cambodia.jpg|thumb|right|350px450px|In stiennen bas-reliëf fan in sêne út it ''Rāmāyaṇa'' op in [[boedisme|boedistyske]] timpel te [[Banteay Srei]], yn [[Kambodja]] ([[Rama|Rāmā]] is dejinge mei de bôge, rjochts fan 'e midden.]]
It '''''Ramayana''''', yn it oarspronklike [[Sanskryt]]: '''रामायण''', sekuerdere transliteraasje: '''''Rāmāyaṇa''''' (útspr.: /rɑːmɑːjəɳə/), is ien fan 'e beide grutte [[epysk gedicht|epyske gedichten]] fan it [[hindoeïsme]] (it oare is it ''[[Mahabharata|Mahābhārata]]''). It bestiet út mear as 50.000 dichtregels en is gearstald fan 'e [[fjirde ieu f. Kr.|fjirde]] en [[fyfde ieu f. Kr.]] Yn dy tiid waard de haadpersoan, de godheid [[Rama|Rāmā]], wierskynlik noch net beskôge as in ynkarnaasje fan 'e oppergod [[Vishnu]]. Tradysjoneel wurdt dit epos taskreaun oan 'e wize en [[dichter]] [[Valmiki|Vālmīki]]. It ''Rāmāyaṇa'', dat oerset wurde kin as de "Reis fan Rāmā" (of, frijer fertaald, as de "Wurken fan Rāmā"), beskriuwt de syktocht fan Rāmā nei syn troch de demon [[Ravana|Rāvaṇa]] ûntfierde frou [[Sita (hindoeïsme)|Sītā]], dy't er úteinlik mei de help fan 'e apegod [[Hanuman]] út Rāvaṇa syn keninkryk Lanka ([[Sri Lanka]]) befrijt. It ferhaal giet yn prinsipe oer de striid tusken goed en kwea, mar leart de lêzer ûnderwilens in protte [[etysk|etyske]] lessen. It ''Rāmāyaṇa'' is de wichtichste [[religy|religieuze]] tekst foar de [[vishnuïsme|vishnuïtyske]] hindoes fan 'e [[Rama-Sita-kultus|Rāmā-Sītā-kultus]]. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ek in wichtich plak yn yn it [[boedisme]], it [[jaïnisme]] en it [[sikhisme]]. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan [[Yndia]] en [[Nepal]] en teffens fan boedistyske [[Súdeast-Aazje|Súdeastaziatyske]] lannen lykas [[Burma]], [[Tailân]], [[Laos]] en [[Kambodja]], en sels fan it sûnt ieuwen [[islam]]ityske [[Yndoneezje]] en [[Maleizje]].
 
===Opbou en oarsprong===
It ''Rāmāyaṇa'' is in epos fan likernôch 50.000 dichtregels, oardere yn 24.000 twaregelige fersen, 500 lieten en 7 boeken. It is hast twa kear sa lang as [[Homêros]] syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]'' mei-inoar. Men is fan tinken dat it gearstald wêze moat yn 'e [[fjirde ieu f. Kr.|fjirde]] en [[fyfde ieu f. Kr.]], mar om't it orizjineel net oerlevere is en de âldst bewarre ferzje pas fan likernôch [[1020]] datearret, is it net mear mooglik en ûnderskied de ferskillende oanpassings dy't de tekst sûnt ûndergien hat.
 
===Skriuwerskip===
Yn 'e Yndiaaske tradysje wurdt it ''Rāmāyaṇa'' unanym en yn syn folsleinens taskreaun oan 'e wize [[Valmiki|Vālmīki]], dy't gauris beskôge wurdt as de earste Yndiaaske dichter. Mei't der letter withoefolle adaptaasjes en imitaasjes skreaun binne, wurdt de orizjinele ferzje dêrom it ''Vālmīki Rāmāyaṇa'' neamd. Teksthistoarisy en [[taalkundige]]n hawwe lykwols twifels oppenearre oangeande it bewearde auteurskip fan ien dichter; benammen it earste en it lêste boek fan it ''Vālmīki Rāmāyaṇa'' lykje op grûn fan ôfwikings yn it taaleigen en de skriuwstyl lettere tafoegings te wêzen.
 
===Ynhâld===
[[Dasharatha|Daśaratha]], de kening fan Ayodhya, hat trije froulju en fjouwer soannen. De âldste is Rāmā, de soan fan syn earste frou [[Kausalya|Kausalyā]], en de twadde is [[Bharata (Ramayana)|Bhārata]], de soan fan syn twadde en leaflingsfrou [[Kaikeyi|Kaikeyī]]. De oaren binne de [[twilling]] [[Lakshmana|Lakṣmaṇa]] en [[Shatrughna|Śatrughna]]. De tsjeppe prinsesse Sītā is de dochter fan 'e hearsker fan in buorkeninkryk fan Ayodhya. Op in ''[[swayamvara]]'', in seremoanje wêrby't potinsjele brêgemannen harren bewize moatte, yn dit gefal om mei Sītā trouwe te meien, wurdt de houlikskandidaten frege om in reuseftige bôge te spannen. Net ien kin it ding sels mar optille, mar Rāmā spant him net allinnich, hy brekt him midstwa. Dêrop kiest Sītā Rāmā ta man.
 
Rigel 23:
 
It Sânde Boek, oftewol de ''Uttara Kāṇḍa'', wurdt tsjintwurdich yn 'e regel beskôge as in lettere tafoeging oan it ferhaal fan Vālmīki. Opfallend is dat hjiryn ek de dichter sels foar it earst in rol spilet. Nei't Rāmā de troan bestiget, bringt er jierren yn gelokkigens troch mei Sītā, mar nettsjinsteande it feit dat hja de fjoerproef ûndergien hat, bliuwe der geroften oer har ûnderstelde ûntrou bestean. Einlings jout Rāmā ta oan 'e publike opiny en stjoert er Sītā yn ballingskip yn 'e bosk. Dêr wurdt har ûnderdak bean troch de wize klúzner Vālmīki. Sûnder dat Rāmā it wist, wie Sītā swier doe't er har fuortstjoerde, en yn 'e bosk befalt hja fan in twilling, dy't hja [[Lava (Ramayana)|Lava]] en [[Kusha (Ramayana)|Kuśa]] neamd. De jonges, dy't learlingen fan Vālmīki wurde, groeie op sûnder dat se witte wa't harren heit is. Underwilens skriuwt Vālmīki it ''Rāmāyaṇa'', en hy leart Lava en Kuśa om it te sjongen. Letter nimt er harren mei nei in iepenbiere seremoanje dy't troch Rāmā holden wurdt, en dêr lit er de jonges foardrage oer Sītā har ballingskip. Rāmā wurdt der muoilik fan en dan lit Vālmīki Sītā komme. Hja ropt har mem, de ierde oan om har te ûntfangen, en as de grûn iepenskuort yn in kleau, wurdt sy deryn wei. Dan kriget Rāmā foar it ferstân dat Lava en Kuśa syn soannen binne. Neitiid komt der in boadskipper fan 'e goaden om him tynge te dwaan dat de tiid fan syn ynkarnaasje foarby is. Rāmā keart dêrop werom nei syn himelske wente.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Ramayana ''Footnotes'', ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Hindoeïsme]]