Mahabharata: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L red + boarnen
Rigel 2:
It '''''Mahabharata''''', yn it oarspronklike [[Sanskryt]]: '''महाभारत''', sekuerdere transliteraasje: '''''Mahābhārata''''' (útspr.: /məhɑːbʱɑːrət̪ɑ/), is ien fan 'e beide grutte [[epysk gedicht|epyske gedichten]] fan it [[hindoeïsme]] (it oare is it ''[[Ramayana|Rāmāyaṇa]]''). It is fierwei it langste Sanskrityske epos, en bestiet út mear as 200.000 dichtregels. It is gearstald fan 'e [[fyfde ieu f. Kr.]] oant de [[fjirde ieu|fjirde ieu n. Kr.]], en wurdt tradysjoneel taskreaun oan 'e wize [[Vyasa|Vyāsa]]. It ''Mahābhārata'', dat oerset wurde kin as it "Grutte Ferhaal fan 'e Bhārata-dynasty", beskriuwt de [[Kurukshetra-oarloch]] en it lot fan 'e rivalisearjende [[Pandava's|Pandava]]- en [[Kaurava's|Kaurava]]-prinsen, dy't inoar it bewâld oer it [[Kuru-Ryk]] bekreauwe, mar giet dêrnjonken ek djip yn op [[teology]]ske en [[filosofy]]ske kwestjes. Mank de wichtichste ferhalen dêr't it ''Mahābhārata'' út opboud is, binne ek de ''[[Bhagavad Gita|Bhagavad Gītā]]'', it ferhaal fan [[Damayanti]] (dat in ferkoarte ferzje fan it ''Rāmāyaṇa'' is) en de ''[[Rishyasringa|Ṛṣyaśṛṅga]]'', dy't alletrije frij algemien beskôge wurde as masterwurken op harsels. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ''Mahābhārata'' ek in wichtich plak yn yn it [[boedisme]], it [[jaïnisme]] en it [[sikhisme]]. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan [[Yndia]] en [[Nepal]] en teffens fan boedistyske [[Súdeast-Aazje|Súdeastaziatyske]] lannen lykas [[Burma]], [[Tailân]], [[Laos]] en [[Kambodja]], en sels fan it sûnt ieuwen [[islam]]ityske [[Yndoneezje]] en [[Maleizje]]. Kwa belang foar de wrâldliteraruer wurdt it ''Mahābhārata'' geregeld yn ien sike wei neamd mei mei [[Bibel]], de [[Koaran|Koraan]] en de wurken fan [[Homêros]] en [[Shakespeare]].
 
===Opbou en oarsprong===
It ''Mahābhārata'' is in ûntsachlik epos fan likernôch 1,8 miljoen wurden, oardere yn likernôch 220.000 dichtregels en hast 100.000 ''śloka's'' (kûpletten). Of, om it oars te sizzen, it is it langste epyske dichtwurk fan 'e wrâld, acht kear sa lang as [[Homêros]] syn ''[[Ilias]]'' en ''[[Odyssee]]'' mei-inoar. De âldste oerlevere parten fan 'e tekst geane nei alle gedachten mar werom oant de [[fjirde ieu f. Kr.|fjirde]] of uterlik de [[fyfde ieu f. Kr.]], mar saakkundigen binne fan tinken dat de oarsprong fan it ''Mahābhārata'' as gehiel tebekgean moat op 'e achtste of njoggende ieu f. Kr. Neffens it ''Mahābhārata'' sels is it in útwreide ferzje fan in koarter ferhaal fan likernôch 50.000 dichtregels, dat it ''Bhārata'' hiet. It epos berikte wierskynlik syn definitive foarm yn it iere [[Gûpta-Ryk|Gûpta-tiidrek]], om 'e [[fjirde ieu]] (n. Kr.) hinne.
 
===Skriuwerskip===
Tradysjoneel wurdt it ''Mahābhārata'' taskreaun oan 'e wize [[Vyasa|Vyāsa]], dy't ek wol bekendstiet Veda Vyāsa of Krṣna Dvaipāyana. Inkeld wurdt er ek wol lykslein mei [[Bādarāyana]], de gearstaller fan 'e ''[[Fedantasûtra's]]'', mar dat is in fersin. Vyāsa spilet sels ek in wichtige rol yn it ferhaal fan it ''Mahābhārata'', en it is net ûnmooglik dat er der yndie de grûnslach foar lein hat, mar it is bûten kiif dat it epos yn syn tsjintwurdige foarm it wurk is fan generaasjes fan [[dichter]]s, dêr't net mear ien fan oanwiisd wurde kin as dé skriuwer.
 
===Ynhâld===
Untdien fan alle omballingen beskriuwt it ''Mahābhārata'' de striid om it regear oer Kuru-Ryk tusken de fiif Pandava's, dy't eins goadesoannen binne, en harren folle neven, de hûndert Kaurava's, soannen fan 'e bline kening [[Dhritarashtra]], dy't eins oanset binne troch [[demon|demoanen]], of mooglik sels de ynkarnaasjes fan demoanen binne. Fan jongs ôf oan binne de Pandava's en de Kaurava's rivalen, en withoefolle personaazjes wurde by de deilisskip belutsen, lykas Vyāsa, dy't it epos skreaun hawwe soe en dy't de pake fan sawol de Pandava's as de Kaurava's is, en de godheid [[Krishna|Krṣna]], in ynkarnaasje fan 'e god [[Vishnu]], dy't him ûntjout ta de freon en geastlik liedsman fan 'e Pandava-prins [[Arjuna]].
 
Rigel 17:
De slach begjint, en duorret achttjin dagen oan, ear't úteinlik de Pandava's de oerwinning behelje. Dat kinne se lykwols inkeld troch op in earleaze, ûnetyske wize de oanfierders fan it fijannige leger út 'e ljochten te helpen. Dat dy oanfierders de deugdsume [[Bhishma]], harren âlde learaar Drona, harren healbroer Karna en harren omke Shalya wiene, makket it fansels noch helte slimmer. Likegoed bemachtigje de Pandava's hjirtroch de troan wer. Mar in fijân sprekt in flok út oer Krṣna, en fan gefolgen komt dy 36 jier letter te ferstjerren, en stjert syn dynasty koarte tiid dêrnei út. Dan jouwe Pandava's harren keningskip op en reizgje se nei de [[Himalaya]] ta, dêr't se fysyk nei de [[himel]] ta besykje te klimmen. Allinnich Yudhisthira hellet it, mar de god [[Yama]] bewissiget him derfan dat syn omkommen bruorren en harren frou har, nei in foechsum skoft trochbrocht te hawwen yn 'e [[ûnderwrâld]], wer by him foegje sille.
 
===Histoaryske eftergrûn===
Ut argeologysk ûndersyk hat bliken dien, dat it ''Mahābhārata'', krekt as Homêros syn ''Ilias'', foar in part op wierheid berêst. Sa wurdt de haadstêd fan 'e Kaurava's [[Hastinapur]] neamd en binne de ruïnes dêrfan yn 'e jierren fyftich fan 'e [[tweintichste ieu]] bleatlein. Dêrby die ek bliken dat dy stêd om 800 f.Kr. hinne troch in oerstreaming fan 'e rivier de [[Ganges]] ferwuostge waard, in foarfal dat neffens in oare Sanskrityske tekst plakfûn yn 'e tiid fan 'e sânde kening dêre sûnt 'e foarfallen út it ''Mahābhārata'', dy't sadwaande om likernôch 950 f.Kr. hinne datearre wurde moatte soene.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mahabharata ''Notes'' en ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Hindoeïsme]]