Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

L
red
L (red)
[[Ofbyld:Abe de Vries troch Jan Kalma 63.jpg|thumb|right|300px|''Abe de Vries'']]
'''Abe de Vries''', ([[Winaam]], [[10 jannewaris]] [[1965]] ) is in [[Frysk]] [[dichter]], [[skriuwer]], [[essay]]ist, [[oersetter]], [[sjoernalist]], [[fotograaf]] en [[útjouwer.]]
 
== Biografy ==
Nei de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn [[Harns (stêd)|Harns]] studearre er [[politikology]] ([[Amsterdam]]) en skiednis ([[Universiteit fan Grins|Grins]]), mar makke dy opliedings net ôf. Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Yn dy tiid begûn er mei de stúdzje skiednis en waard frege om leden fan it fredesleger yn [[Bosnje]] les te jaan oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dat lân. Yn [[1996]] waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn [[1999]] waard er, in fersetsdie tsjin de [[NavoNATO]]-bombardeminten op [[Servje en Montenegro]], korrespondint yn [[Belgrado]] foar it ANP, [[Trouw]] en Elsevier. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by Elsevier. Febrewaris 2003 naam Abe de Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan [[Farsk]], dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op [[ynternet]] yn syn ienmanstydskrift 'Oranzjery De Kopspiker', yn 2010 opfolge troch 'Seedyksterfeartfisk'. Begjin 2005 folge hy [[Jabik Veenbaas|Veenbaas]] op as proazaresinsint by de [[Ljouwerter Krante]]; dat die er oant oktober [[2006]] doe't er útjouwer waard by de [[Friese Pers Boekerij]]/Noordboek (oant maaie 2011). Sûnt maaie 2011 skriuwt er foar it [[Frysk Deiblêd]] resinsjes fan Fryske poëzij, essayïstyske publikaasjes en oer algemien-kulturele ûnderwerpen. Ek hat er elke wike de kollum 'Skroeier' yn it FD.
 
Yn syn jeugd skreau er al Nederlânsktalige fersen. Abe de Vries debutearre yn de hjerst fan 2002 as dichter mei de bondel ''De weromkommer yn it ûnlân''. Gedichten út de bondel waarden earder yn [[Trotwaer]], [[Hjir]] en [[Kistwurk]] publisearre. Foar Kistwurk wie er ek redaksjelid.
Yn [[2005]] krige De Vries de [[Gysbert Japicxpriis]] foar syn twadde bondel ''In waarm wek altyd''. Hy is dêrmei, neist [[Trinus Riemersma]], [[Jan Wybenga]] en [[Willem Abma]] de fjirde Fryske skriuwer dy't de priis krige foar in jong oeuvre. Dêrneist is Abe de Vries ien fan de belangrykste [[essay]]skriuwers oer Fryske poëzij.
 
Yn jannewaris [[2013]] ferskynde de sechsde bondel ''Ravensulver/Ravenzilver''. De twatalige bondel is útjûn troch de Nederlânske útjouwerij ''de Contrabas'' oparbeidzjend mei de yn 2012 oprjochte Fryske útjouwerij '[[HotSum]]'. HotSum hat as doel it útjaan fan twatalige poëzij en Fryske essaybondels. Yn desimber 2013 kaam De Vries syn earste oersetting út, te witten ''[[Ynferno (boek)|Ynferno]]'', nei de [[roman]] ''[[Inferno (boek)|Inferno]]'', fan 'e ferneamde [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[skriuwer]] [[Dan Brown]].
 
== Bibliografy ==
=== Dichtbondels ===
* 2002 - ''De weromkommer yn it ûnlân'' (2002)
* 2004 - ''In waarm wek altyd'' (2004)
* 2006 - ''Under fearne goaden'' (2006)
* 2006 - ''Warme boxkachels & weke irenes / Waarme bokskachels & weake irenes'' (Twatalige blomlêzing út eigen wurk, 2006).
* 2008 - ''Fangst fan 'e demoandolfyn'' (2008)
* 2010 - ''Sprankeskyn'' (2010)
* 2013 - ''Ravensulver/Ravenzilver'' (2013)
 
===Oersettings===
* 2013 - ''[[Ynferno (boek)|Ynferno]]'' (nei ''[[Inferno (boek)|Inferno]]'', fan [[Dan Brown]])
 
=== Ferskaat ===
* 2004 - ''It sil bestean'' (Essay en blomlêzing út it wurk fan [[Obe Postma]], 2004)
* 2005 - ''Skielk beart de hjerst'' (Essay en blomlêzing út it wurk fan [[Douwe Kiestra]], 2005)
* 2008 - ''Het goud op de weg. De Friese poëzie sinds 1880'' (2008)
* 2008 - ''Identiteit & kowesturten. Essays oer Fryske literatuer'' (Essaybondel, 2008)
* 2011 - ''Fergettten pommerant. De poëzij fan Tjitte Piebenga as 'missing link''' (Ynlieding by it Sammele Wurk - Poëzij fan [[Tjitte Piebenga]], 2011)
* 2012 - ''De tsjustere Apollo'' (Ynlieding by de Samle Fersen fan [[Jan Wybenga]], 2012)
* 2013 - ''Bulldozers en bloednoazen. De stadsrand van Leeuwarden. '' (Foto's fan de stedsrâne fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], 2013)
 
=== Gearstald ===
* 2007''Sjoerd Spanninga - Indian Summer. Een keuze uit zijn gedichten'' (ek oersetten; mei [[Jabik Veenbaas]], 2007).
* 2009''Boerewurk'' - [[Johannes Doedes de Jong]] (2009)
* 2009''Giftige Zomer / Giftige Simmer'' (mei [[Albertina Soepboer]], 2009)
 
== Prizen ==
* 2002 :- [[Rely Jorritsmapriis]] - de syklus ''Fersen fan ferjitten''
* 2005 :- [[Gysbert Japicxpriis]] - dichtbondel ''In waarm wek altyd''
 
== Keppeling om utens ==
[[Kategory:Frysk skriuwer]]
[[Kategory:Frysk dichter]]
[[Kategory:Frysk essayist]]
[[Kategory:Frysk oersetter]]
[[Kategory:UtjouwerFrysk sjoernalist]]
[[Kategory:Frysk fotograaf]]
[[Kategory:Frysk útjouwer]]
[[Kategory:Winaam]]