Ynferno (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
Rigel 25:
==Fryske oersetting==
De konneksje tusken [[skriuwer]] [[Dan Brown]] en [[Fryslân]] is flintertin, en berêst inkeld op syn foarleafde foar it [[Frysk hynder|Fryske hynder]], dy't yn in hiel koart fragmint yn ''Inferno'' ta utering komt. Yn it foarjier fan [[2013]] kundige Brown op 'e [[Nederlân]]ske [[tillevyzje]], yn it programma ''Netwerk'', oan dat er noadich ris yn Nederlân sjen moast, en úteinlik waard dat him yn [[jannewaris]] [[2014]], wêrby't er syn reis sa plannearre dat er dan mei-iens yn [[Ljouwert]] de hynstekeuring fan it [[Frysk Hynste Stamboek]] bywenje koe. Nei't op [[14 maaie]] [[2013]] de [[Nederlânsk]]e oersetting fan ''Inferno'' tagelyk mei it [[Ingelsk]]talige orizjineel (en de fertalings yn it [[Deensk]], [[Dútsk]], [[Finsk]], [[Frânsk]], [[Italjaansk]], [[Katalaansk]], [[Noarsk]], [[Portegeesk]], [[Spaansk]], [[Sweedsk]] en [[Turksk]]) ferskynd wie, en koarte tiid letter bekend waard dat Brown nei Fryslân ta soe, fette men by syn Nederlânske [[útjouwer]] [[Luitingh-Sijthoff]] sadwaande it idee op om ek in [[Frysk]]e oersetting fan ''Inferno'' meitsje te litten.
[[File:Abe de Vries troch Jan Kalma 63.jpg|left|thumb|200px|[[Oersetter]] [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]].]]
 
De [[útjouwerij]] naam dêrta ein [[july]] kontakt op mei [[skriuwer]] en [[dichter]] [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]], dy't deryn tastimde om it boek oer te setten. Hy begûn yn [[augustus]], en op [[7 novimber]] moast er de kladferzje fan 'e fertaling fan it mânske boek, dat yn it Frysk ''Ynferno'' kaam te hjitten. klear hawwe. Om't er dat nea oprêde soe as er út it Ingelsk oersette, fertaalde er ynstee de Nederlânske oersetting fan Frans van Dooren, Marion Drolsbach, Erica Feberwee en Yolande Ligterink. Luitingh-Sijthoff wie earst fan doel om it boek yn in oplaach fan 10.000 eksimplaren út te bringen, wat in ûnbidich grut tal is foar in Frysktalich boek (al giene der fan ''It Wrede Paradys'', fan [[Hylke Speerstra]], it bêst ferkeapjende Fryske boek ea, 27.000 stiks oer de toanbank). Mar úteinlik waard de oplaach ferlege ta in reälistysker 3.000 eksimplaren. It 446 siden tellende ''Ynferno'' kaam om [[10 desimber]] [[2013]] hinne út.