Sineeske Muorre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 115 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q12501 (translate me)
stikje oanfolle
Rigel 4:
=== Sichtberens ===
Yn tsjinstelling ta wat in protte minsken leauwe is de Sineeske muorre net fan de [[Moanne (himellichem)|Moanne]] ôf te sjen. De Sineeske muorre is wol fan út de romte te sjen as je folle tichter by binne. Fan op in ôfstân fan sa'n 500 km is de muorre noch krekt te sjen, mar dan moatte je wol witte wêr't je sjen moatte. De reden dat de muorre sa min sichtber is, is dat de muorre net mear dan 9,1 m breed is. It is krekt sa as mei in hier: hy kin noch sa lang wêze, as er net breed genôch is dan sjochst him net.
 
== Sekiednis ==
It earste part van de muorre waard fan goed [[200 f. Kr.]] ôf út de grûn stamt mei ierde troch de Sineekse [[Kwin-dynasty]]. Dy dynasty is nei de Sineeske keizer [[Kwin Shi Huang]] ferneamd, dy't as earste Sina yn 221 f. Kr. byienoar ferovere.
 
De Sineekse Muorre waard boud as ferdigeningswurk tsjin fijânlike nomadenstammen dy't Sina fan it noarden út besochten binnen te komen. De earste bouwsels bestienen út ierden en liemen ferhegingen, dy't letter stadichoan ferfongen wurde soene mei stien en der waarden wachttuorren boud. Mear as in heal miljoen arbeiders hawwe oan de muorre wurken. Der giet in ferhaal de rûnte dat foar eltse meter in man stoarn is. Under de [[Tang-dynasty]] rekke de muorre yn ferfal, mar ûnder de [[Ming-dynasty]] ([[1368]] - [[1644]]) waard de muorre fernijd en langer makke. Yn dy tiid waarden losse stikken muorre mei inoar ferbûn oant it mânske bouwurk as wy hjoed de dei it kinne.
 
Mear as in miljoen minsken hawwe ea de muorre bewaakt. Hja wiene festige yn goed 1000 forten en útsjochtuorren. As de fijânlike legers tichterby kamen, waard in mingsel fan hout, strie en dong yn 'e fik stusen. Ién tsjokke rookwolk betjutte 500 soldaten, fjouwer rookwolken betjutte 10.000 fijanlike soldaten. Hûnderd jier letter wienen de [[Hunnen]] hieltyd noch net ferslein. De Ming hawwe wiidweidich kriich fieren tsjin de [[Mongoalen]] en [[Mantsjoes]],dy't fan de Hunne ôfstamme. Lang om let waard de muorre boud en luts it keizerrijk har efter de muorre tebek, en joech it oare lân frij oan de nomaden.
 
 
[[Kategory:Bouwurk yn Sina]]