Sineeske Muorre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Kopkes bewurke, ynhâld moat noch neisjoen wurde!
Rigel 2:
De '''Sineeske Muorre''' is in searje stiennen en ierden bouwurken fan sa'n 6.400 km lang yn [[Sina]] dy sûnt de 5e ieu foar Kristus oant de [[16e ieu]] boud, op 'e nij boud, ferstevige en ûnderhâlden is. De Sineeske muorre, ek wol de ''Grutte Muorre'', is it langste troch minskehannen makke bouwurk fan 'e wrâld. De muorre wie bedoeld om yn de tiid fan de Sineeske dynastyen de noardlike grinzen fan it Sineeske Ryk te beskermjen.
 
=== Sichtberens ===
Yn tsjinstelling ta wat in protte minsken leauwe is de Sineeske muorre net fan de [[Moanne (himellichem)|Moanne]] ôf te sjen. De Sineeske muorre is wol fan út de romte te sjen as je folle tichter by binne. Fan op in ôfstân fan sa'n 500 km is de muorre noch krekt te sjen, mar dan moatte je wol witte wêr't je sjen moatte. De reden dat de muorre sa min sichtber is, is dat de muorre net mear dan 9,1 m breed is. It is krekt sa as mei in hier: hy kin noch sa lang wêze, as er net breed genôch is dan sjochst him net.
 
== SekiednisSkiednis ==
It earste part van de muorre waard fan goed [[200 f. Kr.]] ôf fan ierde út de grûn stamme troch de Sineekse [[Kwin-dynasty]]. Dy dynasty is nei keizer [[Kwin Shi Huang]] ferneamd, de earste keizer dy't hiel Sina yn 221 f. Kr. byienoar ferovere.