Ferskil tusken ferzjes fan "Asteroïde"

33 bytes grutter ,  7 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
'''Planetoïden''',as '''asteroïden''', '''lytse planeten''' en '''mindere planeten''', binne stikken matearje yn ús sinnestelsel dy't har' krektas [[planeet|planeten]] yn in [[baan (himellichem)|baan]] om de sinne bewege. Der binne wyls mear as 300.000 bekend. Fierwei de measte hawwe banen tusken de planeten [[Mars (planeet)|Mars]] en [[Jupiter (planeet)|Jupiter]]. De grutsten binne hast 1000 km grut, mar fierwei de measten binne sa lyts as stof. Dy lêsten binne mei in [[teleskoop (optika)|teleskoop]] net te sjen, mar se komme faak as [[fallende stjer]]ren op ierde del. It materiaal liket faak op stien, mar soms is it izer- of nikkelhâldend en op grutte ôfstân fan de sinne binne der ek iisplanetoïden.
 
De earst ûntdekte planetoïde [[Ceres (dwerchplaneet)|(1) Ceres]] waard in [[dwerchplaneet]] doe't de definysje feroare op [[24 augustus]] [[2006]].
 
Fan de ierde ôf binne de measte planetoïden te lyts om mar mei in [[teleskoop (optika)|teleskoop]] details sjen te litten, it binne net mear as ljochtpuntsjes, sa't ek in stjer der útsjocht. Dat is grif ek de reden wêrom't se yn in oantal talen asteroïde neamd wurde.
 
== Terminology ==
In planetoïde wurdt ek ''lytse planeet'' of ''asteroïde'' neamd. De term ''asteroïde'' wurdt ornaris brûkt foar in groep lytse himellichems yn ús sinnestelsel dy't in omrinbaan hawwe om ús sinne.
Asteroïde ([[Gryksk]] foar "op in stjer lykjend") wurd yn de Ingelske literatuer it faakst foar lytse planeten brûkt.
In 2006 hat de ''International Astronomical Union'' de term ''lyts sinnestelsellichem'' (''small solar system body'') ynfierd, dy't de measte hemellichems omfettet dy't eartiids as lytse planeten of [[Komeet|kometen]] oantsjutten waarden. Tagelyk waard de term [[Dwerchplaneet|''dwerchplaneet'']] ynfierd wêryn de grutste lytse planeten en ek [[Pluto (dwerchplaneet)|Pluto]] yndield waarden.
Om dwerchplaneet neamd te wurden moat it himellichem swier genôch wêze om troch syn eigen swiertekrêft in rûne foarm oannomd te hawwen enn moa de omrinbaan om ús sinne wêze. As de massa sa grut is dat der gjin oare meatearje mear uis yn syn omrinbaan dan is sprake fan in planeet.
 
De earst ûntdekte planetoïde [[Ceres (dwerchplaneet)|(1) Ceres]] waard in [[dwerchplaneet]] doe't de definysje feroare op [[24 augustus]] [[2006]].
 
Fan de ierde ôf binne de measte planetoïden te lyts om mar mei in [[teleskoop (optika)|teleskoop]] details sjen te litten, it binne net mear as ljochtpuntsjes, sa't ek in stjer der útsjocht. Dat is grif ek de reden wêrom't se yn in oantal talen asteroïde neamd wurde.
 
== Sjoch ek ==
* [[List fan planetoïden]]
 
{{CommonsBalke|Asteroids|Asteroïden}}
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
{{Commonscat|Asteroids}}
 
[[Kategory:Himellichem]]