Edsger Wybe Dijkstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Edsger Wybe Dijkstra''' ([[Rotterdam]], 11 mei 1930 – [[Nuenen]], 6 augustus [[2002]]) wie in Nederlâns wiskundige en ynformatikus. Hy is soan fan Douwe Wybe Dijkstra, gemikus, en Brechtje Cornelia Kruyper, wiskundige. Hy is troud yn 1957 mei Maria C. Debets. Syn wurk wie fan grut belang foar de ûntwikkeling fan de ynformatica, mei namme op it mêd fan strukturearre programearjen. Yn 1972 waard hy ûnderskieden mei de [[Turing Award]]. Dizze wurdt beskôge as meast prestyzjeuze ûnderskieding op it mêd fan komputerwittenskip.
 
==Biografy==
Dijkstra studearre oan de [[Leidse Universiteit]], wêr’t hy yn 1951 syn kandidaats helle yn [[wiskunde]] en [[natoerkunde]], en yn 1956 afstudearre yn de theoretysketeoretyske natoerkunde.
Beslissend foar syn wurkpaad wie de gelegenheid die’t hy yn 1951 as wis- en natoerkundestudint yn [[Leiden]] krige om yn Cambridge in simmerkursus yn it programmearjen fan in elektronyske rekkenmasine te folgjen. Dosint [[Maurice Wilkes]] jûch him in pûnsbantsje mei, mei een boadskip foar [[Aad van Wijngaarden]], sjef fan de Rekkenôfdieling fan it Mathematysk Sintrum yn [[Amsterdam]]. Dy joech Dijkstra direkt in baan as [[programmeur]] foar de [[ARRA]], de ARRA wie de [[rekkenautomaat]] die’t doe yn oanbou wie. Sa waard Dijkstra yn ‘e [[foarjiersmoanne]] fan 1952 de earste Nederlander mei it berop programmeur.
Fan 1952 oant 1962 wurke Dijkstra bij it MathematyskMatematysk Sintrum yn Amsterdam as wittenskiplik programmeur, wêr’t hy aannommen wie om de ARRA I te programmearjen. Letter ûntwikkele hy ek de programmatuer foar de [[ARMAC]]. Yn syn tiid by it CWI wurke hy ûnder oaren oan in kompiler foar de [[programmeartaal]] [[Algol-60]]. By dit wurk krige hy syn burd: hy en syn meiwurker Jaap Zonneveld hiene ôfsprutsen harren net te skearen oan’t it wurk klear wie. Fierder ûntwikkele hy hjir yn 1959 syn wrâldferneamde [[kortstepadalgoritme]] – ek bekind as [[Dijkstra's algoritme]].
Vanwege de grutte yndruk die’t hy as wittenskiplik programmeur makke, waard Dijkstra yn 1962 beneamd as heechlearer oan de [[Technische Universiteit Eindhoven|Technische Hogeschool Eindhoven]], wêrt hij oan’t 1984 wurkjen bleau. Yn dizze tiid gie syn oandacht út nei de kunst en wittenskip fan de ûntwikkeling fan it komputerprogramma op matematyske grûnslach (wat nammers ek de titel wie fan ien fan de fakken die’t hy dosearre). Yn 1972 krige hy de Turing Award foar syn bydragen oan de [[ynformatika]] yn de jaren 1950. Fanôf 1982 wie hy ek ferbûn oan de [[Burroughs Corporation]].
Yn 1984 ferruile Dijkstra [[Eindhoven]] foar de Universiteit fan Texas yn [[Austin]] yn de [[Feriene Steaten]]. Dêr ferfette hy syn wurk, faaks noch yn gearwurking mei syn âld-kollegas en studinten út Nederlân. Dijkstra bleau dêr wurkjen oant syn emeritaat yn 1999. Likegoed as lâns syn wurksumme libben yn de Feriene Steaten as nei syn emeritaat makke Dijkstra tegearre mei syn wiif lange reizen troch de steats- en nasjonale parken fan dat lân. Hjirfoar brûkten hja harren Folksweinbuske, die’t hja grytsich de "Touring Machine" (wurdboarterij op Turing Machine) neamden.