Edsger Wybe Dijkstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 2:
 
==Biografy==
Dijkstra studearre oan de [[Leidse Universiteit fan Leien]], wêr’t hy yn 1951 syn kandidaats helle yn [[wiskunde]] en [[natoerkunde]], en yn 1956 afstudearre yn de teoretyske natoerkunde.
Beslissend foar syn wurkpaad wie de gelegenheid die’t hy yn 1951 as wis- en natoerkundestudint yn [[Leiden]] krige om yn Cambridge in simmerkursus yn it programmearjen fan in elektronyske rekkenmasine te folgjen. Dosint [[Maurice Wilkes]] jûch him in pûnsbantsje mei, mei een boadskip foar [[Aad van Wijngaarden]], sjef fan de Rekkenôfdieling fan it Mathematysk Sintrum yn [[Amsterdam]]. Dy joech Dijkstra direkt in baan as [[programmeur]] foar de [[ARRA]], de ARRA wie de [[rekkenautomaat]] die’t doe yn oanbou wie. Sa waard Dijkstra yn ‘e [[foarjiersmoanne]] fan 1952 de earste Nederlander mei it berop programmeur.
Fan 1952 oant 1962 wurke Dijkstra bij it Matematysk Sintrum yn Amsterdam as wittenskiplik programmeur, wêr’t hy aannommen wie om de ARRA I te programmearjen. Letter ûntwikkele hy ek de programmatuer foar de [[ARMAC]]. Yn syn tiid by it CWI wurke hy ûnder oaren oan in kompiler foar de [[programmeartaal]] [[Algol-60]]. By dit wurk krige hy syn burd: hy en syn meiwurker Jaap Zonneveld hiene ôfsprutsen harren net te skearen oan’t it wurk klear wie. Fierder ûntwikkele hy hjir yn 1959 syn wrâldferneamde [[kortstepadalgoritme]] – ek bekind as [[Dijkstra's algoritme]].