Salt Lake City: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red + oanf
L red
Rigel 10:
Lân= [[Ofbyld:flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten]] |
Bestj. ienh. 1= Steat |
Namme bestj. ienh. 1= [[File:Flag of Utah.svg|20px]] [[Utah]] |
Bestj. ienh. 2= County |
Namme bestj. ienh. 2= [[Salt Lake County (Utah)|Salt Lake County]] |
Rigel 23:
[[Ofbyld:Salt Lake Temple, Utah - Sept 2004-2.jpg|thumb|left|200px|De [[mormoanen|mormoanske]] Timpel fan Salt Lake City, wêrfan't de bou 40 jier duorre hat.]]
[[Ofbyld:SLCCityAndCountyBldg.jpg|thumb|left|200px|It stedhûs fan Salt Lake City en ''county''-hûs fan Salt Lake County.]]
[[File:Utah State Capitol seen from State Street.jpg|left|thumb|200px|Salt Lake City by 't winter (op 'e eftergrûn it [[Steatskapitoal fan Utah]]).]]
'''Salt Lake City''', gauris ôfkoarte ta '''Salt Lake''' of '''SLC''', is de [[haadstêd]] en teffens de grutste stêd fan 'e westlike [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Utah]]. Ek is it it haadplak fan it omlizzende [[Salt Lake County (Utah)|Salt Lake County]]. In letterlike oersetting fan 'e namme Salt Lake City soe "Sâltmarstêd" opsmite; de ''[[Bosatlas]]'' út [[1877]] sprekt noch fan "Grutte Sâltmarstêd". Dêrmei wie dy efter de tiid rekke, want yn [[1868]] wie yn Utah al offisjeel besletten om it "Great" fan Great Salt Lake City falle te litten. Hoe dan ek, de stêd is neamd nei de [[Grutte Sâltmar]] (''Great Salt Lake''), oan 'e igge wêrfan't er stifte is. Neffens in offisjele skatting út [[2012]] lei it ynwennertal fan Salt Lake City doe krekt ûnder de 190.000, wylst de hiele stêdekloft mei Salt Lake City as mulpunt in befolking fan krapoan 1.150.000 minsken hie. Dêrmei is Salt Lake City de grutste agglomeraasje yn it [[Tuskenberchske Westen]] en ien fan 'e beide grutte stedske sintra yn 'e [[Grutte Dobbe]] (''Great Basin''); de oare is [[Reno (Nevada)|Reno]], yn [[Nevada]]). Salt Lake City stiet benammen bekend as it haadkertier fan 'e oer de hiele wrâld aktive [[mormoanen|mormoanske]] [[Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen]], en sûnt [[2002]] yn [[Nederlân]] ek om't it ien fan 'e fluchste oerkape [[iisbaan|iisbanen]] fan 'e wrâld hat.
 
Line 38 ⟶ 37:
 
De stêd sels hat in rjochthoekich strjittestelsel wêryn't de measte strjitten sekuer noard-súd of east-west rinne. De adressen binne de koördinaten yn it raster. It begjinpunt fan dat strjittestelsel is de súdeasthoeke fan Temple Square, dêr't de [[mormoanen|mormoanske]] Timpel fan Salt Lake City stiet. Op it mêd fan besjensweardichheden binne der it ''[[Church History Museum]]'' en ferskate tsjerken fan 'e Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen. It meast ymposante gebou, de Timpel fan Salt Lake City, is lykwols net frij te besichtigjen. Wol kin men terjochte yn 'e ''[[Family History Library]]'', de grutste [[sibbekunde|geneälogyske]] bibleteek fan 'e wrâld, dy't troch de mormoanen brûkt wurdt om ferstoarnen út alle lannen en fan alle tiden dochs noch te rêden (fan 'e [[hel]]) troch se mei weromwurkjende krêft te [[doop|dopen]] en sa postúm ta mormoan te meitsjen (in praktyk dy't net noch elkenien op priis steld wurdt en dêr't om it hoartsje opskuor oer ûntstiet). Salt Lake City is ek de thúshaven fan 'e ''[[Utah Jazz]]'', in foaroansteand [[basketbal]]tiim dat útkomt yn 'e [[National Basketball Association|NBA]] (''National Basketball Association''), en fan it [[fuotbal]]tiim ''[[Real Salt Lake]]'', dat yn [[2009]] lânskampioen fan 'e Feriene Steaten waard.
[[File:Utah State Capitol seen from State Street.jpg|left|thumb|200px|Salt Lake City by 't winter (op 'e eftergrûn it [[Steatskapitoal fan Utah]]).]]
[[File:2002 Winter Olympics flame.jpg|right|thumb|150px|De [[Olympyske Spullen|Olympyske]] flam baarnt yn Salt Lake City ([[2002]]).]]
 
Rigel 45:
==Klimaat==
Salt Lake City hat in [[lânklimaat]] mei droege [[simmer]]s en wiete [[winter]]s. De Grutte Sâltmar benoarden de stêd hat in moderearjend effekt op it winterwaar, dat de [[temperatuer]] komt mar inkeldris ûnder de –20 °C. Ek de simmer hat troch de sâltmar in tuskenbeiden karakter, mei troch it feit dat de stêd op in hichte fan hast 1300 meter boppe de seespegel leit. De trochsneed temperatuer oerdeis yn 'e kâldste moanne, jannewaris, is 3 °C, en yn 'e waarmste moanne, july, 33,7 °C. Alle jierren binne der lykwols wol in pear dagen mei [[temperatuer]]en fan boppe de 37 °C, mar dy binne net ûndraachlik, om't de [[luchtfochtichheidsgraad]] yn dy droege [[jiertiid]] bysûnder leech leit. Wat [[delslach (waar)|delslach]] oangiet, dêrfan kriget Salt Lake City yn in trochsneed jier 408,9 mm. Fan [[july]] oant [[septimber]] hearsket der in [[reinseizoen]] dat út en troch felle tongerbuien bringt. Fan [[snie]] falt der jiers trochstrings 143 sm, ferdield oer de perioade fan [[novimber]] oant [[maart]], mar dêrby falt yn 'e delling mar inkeldris mear as 30 sm tagelyk. Heger leine plakken yn 'e buert krije faak it mearfâldige dêrfan.
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=