Ynferno (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Fryske oersetting: besyk fan Brown oan Fryslân
Rigel 24:
 
==Fryske oersetting==
De konneksje tusken [[skriuwer]] [[Dan Brown]] en [[Fryslân]] is flintertin, en berêst inkeld op syn foarleafde foar it [[Frysk hynder|Fryske hynder]], dy't yn in hiel koart fragmint yn ''Inferno'' ta utering komt. Yn it foarjier fan [[2013]] kundige Brown op 'e [[Nederlân]]ske [[tillevyzje]], yn it programma ''Netwerk'', oan dat er noadich ris yn Nederlân sjen moast,. en úteinlikUteinlik waard datdy himwinsk ynwurklikheid troch in e-mail dy't Brown stjoerde oan [[jannewarisIds Hellinga]], de direkteur stamboeksaken fan it [[2014Frysk Hynste Stamboek]], wêrbywêryn't er syn reiswurdearring saútspriek plannearrefoar datde erynset danfan mei-iens'e ynorganisaasje [[Ljouwert]]foar deit hynstekeuringbehâld fan it [[FryskFryske Hynstehynder. Stamboek]]Hellinga bywenjemailde koe.him Nei'tdêrop opwerom [[14mei maaie]]in [[2013]]útnoeging deom [[Nederlânsk]]'e oersettingjierlikse fanhynstekeuring ''Inferno''ris tagelykin meikear itby [[Ingelsk]]taligete orizjineelwenjen. (enSadwaande dekaam fertalingsBrown ynmids itjannewaris [[Deensk2014]], [[Dútsk]],oer [[Finsk]],út [[Frânsk]],Amearika. [[Italjaansk]],Earst [[Katalaansk]],besocht er yn [[NoarskAmsterdam]], û.m. it [[PortegeeskRyksmuseum]], dêr't er nei slutingstiid in priveerûnlieding krige en tweintich minuten lang sûnder steurd te wurden nei de ''[[SpaanskNachtwacht]],'' fan [[SweedskRembrandt]] enstoarje koe. Yn [[TurkskFryslân]]) ferskyndwenne wie,er ende koartehynstekeuring tiidfan letterit bekendFrysk waardHynste datStamboek Brownby, neien Fryslânteffens tadied soe,er fettein mensynjearsesje by synBoekhannel NederlânskeVan der Velde, oan 'e [[útjouwerLjouwert]]er [[Luitingh-SijthoffNijstêd]]. sadwaandeGoed ithûndert ideefans opdy't omfaak ekfan inwitwêrsanne [[Frysk]]ekamen, oersettinghiene fanhar ''Inferno''dêr meitsjefoartiid tefoar littenopjûn, en brochten gauris ek noch in aardichheidsje foar harren idoal mei.
[[File:Abe de Vries troch Jan Kalma 63.jpg|left|thumb|200px|[[Oersetter]] [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]].]]
 
Guon fan 'e boeken dêr't Brown syn hantekening yn sette, wiene Frysktalich. Nei't op [[14 maaie]] [[2013]] de [[Nederlânsk]]e oersetting fan ''Inferno'' tagelyk mei it [[Ingelsk]]talige orizjineel (en de fertalings yn it [[Deensk]], [[Dútsk]], [[Finsk]], [[Frânsk]], [[Italjaansk]], [[Katalaansk]], [[Noarsk]], [[Portegeesk]], [[Spaansk]], [[Sweedsk]] en [[Turksk]]) ferskynd wie, en koarte tiid letter bekend waard dat Brown nei Fryslân ta soe, fette men by syn Nederlânske [[útjouwer]] [[Luitingh-Sijthoff]] nammentlik it idee op om ek in [[Frysk]]e oersetting fan ''Inferno'' meitsje te litten. De [[útjouwerij]] naam dêrta ein [[july]] kontakt op mei [[skriuwer]] en [[dichter]] [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]], dy't deryn tastimde om it boek oer te setten. Hy begûn yn [[augustus]], en op [[7 novimber]] moast er de kladferzje fan 'e fertaling fan it mânske boek, dat yn it Frysk ''Ynferno'' kaam te hjitten. klear hawwe. Om't er dat nea oprêde soe as er út it Ingelsk oersette, fertaalde er ynstee de Nederlânske oersetting fan Frans van Dooren, Marion Drolsbach, Erica Feberwee en Yolande Ligterink. Luitingh-Sijthoff wie earst fan doel om it boek yn in oplaach fan 10.000 eksimplaren út te bringen, wat in ûnbidich grut tal is foar in Frysktalich boek (al giene der fan ''It Wrede Paradys'', fan [[Hylke Speerstra]], it bêst ferkeapjende Fryske boek ea, 27.000 stiks oer de toanbank). Mar úteinlik waard de oplaach ferlege ta in reälistysker 3.000 eksimplaren. It 446 siden tellende ''Ynferno'' kaam om [[10 desimber]] [[2013]] hinne út.
 
Wat de eigentlike oersetting oanbelanget, dêr hat De Vries, nei eigen sizzen, nochal wat wurk oan hân, om't er mei dit boek ek minsken oansprekke woe dy't noch nea in Frysk boek lêzen hiene. ''"Literêr oersette is sa dreech net,"'' seid er op [[23 oktober]] yn in fraachpetear mei [[Asing Walthaus]] yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]'', ''"want dêr kinst it Frysk folle breder brûke."'' De Vries besocht him by ''Ynferno'' safolle mooglik te beheinen ta de Fryske sprektaal; dêrta brûkte er "foaral" ynstee fan "benammen" en "watfoar" ynstee fan "hokker". Wurden as "barre" besocht er ôfhinklik fan 'e kontekst eltse kear mei oare wurden te omskriuwen, want "gebeure" brûke gie him te fier. Soks foel De Vries swier, nammenste mear om't er as dichter it hiele Fryske taaleigen ta syn foldwaan hat. Sels joech er op [[13 desimber]] yn in fraachpetear mei [[Sietse de Vries]], yn 'e ''Ljouwerter Krante'' ta dat er ek net alhiel konsekwint west hat yn syn stribjen ta it brûken fan Frysk ''"dat minsken net ôfskrikt."'' Ut en troch hat er tajûn oan syn oanstriid om in ''"hiel moai, minder bekend Frysk wurd as 'besjestere' te brûken."'' Mar al mei al wie syn hope dochs dat er mei dizze oersetting ek lju oan it Frysk lêzen krije soe dy't dat oars nea diene.