Ynferno (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Fryske oersetting: besyk fan Brown oan Fryslân
Rigel 24:
 
==Fryske oersetting==
De konneksje tusken [[skriuwer]] [[Dan Brown]] en [[Fryslân]] is flintertin, en berêst inkeld op syn foarleafde foar it [[Frysk hynder|Fryske hynder]], dy't yn in hiel koart fragmint yn ''Inferno'' ta utering komt. Yn it foarjier fan [[2013]] kundige Brown op 'e [[Nederlân]]ske [[tillevyzje]], yn it programma ''Netwerk'', oan dat er noadich ris yn Nederlân sjen moast. Uteinlik waard dy winsk wurklikheid troch in e-mail dy't Brown stjoerde oan [[Ids Hellinga]], de direkteur stamboeksaken fan it [[Frysk Hynste Stamboek]], wêryn't er syn wurdearring útspriek foar de ynset fan 'e organisaasje foar it behâld fan it Fryske hynder. Hellinga mailde him dêrop werom mei in útnoeging om 'e jierlikse hynstekeuring ris in kear by te wenjen. Sadwaande kaam Brown mids jannewaris [[2014]] oer út Amearika. Earst besocht er yn [[Amsterdam]] û.m. it [[Ryksmuseum Amsterdam|Ryksmuseum]], dêr't er nei slutingstiid in priveerûnlieding krige en tweintich minuten lang sûnder steurd te wurden nei de ''[[Nachtwacht]]'' fan [[Rembrandt]] stoarje koe. Yn [[Fryslân]] wenne er de hynstekeuring fan it Frysk Hynste Stamboek by, en teffens died er in synjearsesje by Boekhannel Van der Velde, oan 'e [[Ljouwert]]er [[Nijstêd]]. Goed hûndert fans dy't faak fan witwêrsanne kamen, hiene har dêr foartiid foar opjûn, en brochten gauris ek noch in aardichheidsje foar harren idoal mei.
[[File:Abe de Vries troch Jan Kalma 63.jpg|left|thumb|200px|[[Oersetter]] [[Abe de Vries (skriuwer)|Abe de Vries]].]]