Abe de Vries (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Biografy: formulearring oars
LNo edit summary
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Nei de middelbere skoalle Simon Vestdijk yn [[Harns (stêd)|Harns]] studearre er [[politikology]] ([[Amsterdam]]) en skiednis ([[Universiteit fan Grins|Grins]]), mar makke dy opliedings net ôf. Nei syn tsjinstplicht tekene er by en wurke noch seis jier op kontraktbasis as ynljochtinge-offisier. Yn dy tiid begûn er mei de stúdzje skiednis en waard frege om leden fan it fredesleger yn [[Bosnje]] les te jaan oer de eftergrûnen fan it konflikt yn dat lân. Yn [[1996]] waard er ferslachjouwer by it Grinslanner Algemien Parseburo Tammeling. Yn [[1999]] waard er, in fersetsdie tsjin de [[NATO]]-bombardeminten op [[Servje en Montenegro]], korrespondint yn [[Belgrado]] foar it ANP, [[Trouw]] en [[Elsevier]]. Fan 2000 oant 2006 wie er bûtenlânredakteur by Elsevier. Febrewaris 2003 naam Abe de Vries it inisjatyf ta de oprjochting fan [[Farsk]], dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie. Dêrneist skreau er op [[ynternet]] yn syn ienmanstydskrift 'Oranzjery De Kopspiker', yn 2010 opfolge troch 'Seedyksterfeartfisk'. Begjin 2005 folge hyer [[Jabik Veenbaas|Veenbaas]] op as proazaresinsint by de [[Ljouwerter Krante]]; dat die er oant oktober [[2006]] doe't er útjouwer waard by de [[Friese Pers Boekerij]]/Noordboek (oant maaie 2011). Sûnt maaie 2011 skriuwt er foar it [[Frysk Deiblêd]] resinsjes fan Fryske poëzij, essayïstyske[[essay]]ïstyske publikaasjes en oer algemien-kulturele ûnderwerpen. Ek hat er elke wike de kollum 'Skroeier' yn it FD.
 
Yn syn jeugd skreau er al Nederlânsktalige fersen. Abe de Vries debutearre yn de hjerst fan 2002 as dichter mei de bondel ''De weromkommer yn it ûnlân''. Gedichten út de bondel waarden earder yn [[Trotwaer]], [[Hjir]] en [[Kistwurk]] publisearre. Foar Kistwurk wie er ek redaksjelid.