Mark Twain: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Ingelsk: +kat +katsort
Better pic (white hair)
Rigel 1:
[[File:Mark Twain, Brady-Handy photo portrait, Feb 7, 1871, croppedSarony.jpg|thumb|right|250px|Mark Twain yn [[1871]].]]
'''Mark Twain''' (it [[pseudonym]] fan '''Samuel Langhorne Clemens''', [[Florida (Missoury)|Florida]] ([[Missoury]]), [[30 novimber]] [[1835]] – [[Redding (Konnetikut)|Redding]] ([[Konnetikut]]), [[21 april]] [[1910]]) wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[skriuwer]], [[essay]]ist en [[humorist]], dy't ek wurke as [[sjoernalist]], [[loads]] op rivierboaten en [[mynwurker]]. Hy is it meast ferneamd om syn [[roman]]s ''Adventures of Huckleberry Finn'', út [[1885]], dy't gauris "de Grutte Amerikaanske Roman" neamd wurdt, en it foargeande ''[[The Adventures of Tom Sawyer]]'' (''[[De Aventoeren fan Tom Sawyer]]''), út [[1876]]. Hy waard rûnom priizge om syn satirysk gefoel foar humor, dat er sawol yn praten as skriuwen utere, en dêr't er hjoed de dei noch faak om sitearre wurdt. Twain rekke befreone mei [[presidint|presidinten]], [[keunstner]]s, yndustriëlen en leden fan [[Jeropa|Jeropeeske]] keningshuzen. De Amerikaanske skriuwer en winner fan 'e [[Nobelpriis foar de Literatuer]] [[William Faulkner]] neamde him "de Heit fan 'e [[Amerikaanske literatuer]]".