Fleantúch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 69 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q11436
L red [[]]
Rigel 4:
[[File:Ûntwikkeling van Lange Aksjeradius Fleantugen.png|thumb|Ûntwikkeling van Lange Aksjeradius Fleantugen]]
 
In '''fleantúch''' as '''fleanmasine''' is in [[loftfartúch]] dat in hegere tichtheid hat as loft en yn steat is in kontrolearre flecht te meitsjen. It makket dêrby gebrûk fan de opwertse krêft, [[liftkrêft|lift]] neamd, feroarsake troch de loft dy't mei in wisse snelheid oer it spesjale profyl fan it fleugeloerflak streamt.
 
== Skiednis ==
Utfiners wienen oan de ein fan de [[19e ieu]] dwaande mei it útfinen fan in ferfiermiddel dêr't motorisearre mei flein wurde koe. De [[loftballon]] wie al yn [[1783]] útfûn, it sweeffleantúch waard foar it earst súksesfol testen troch [[Otto Lilienthal]] yn [[1891]]. Yn 1903 wisten de Amerikaanske [[Bruorren Wright]] as earste minsken mei harren sels boude en motorisearre fleantúch, [[Wright Flyer|"The Flyer"]], in kontrolearre flecht te meitsjen. Yn Nederlân fleach it earste fleantúch op [[27 juny]] [[1909]], bestjoerd troch [[Charles de Lambert]]. Yn 1910 makke de Frânsman [[Henri Fabre]] mei de ûntwikkeling fan de it earste [[wetterfleantúch]] it mooglik gruttere fleantugen te meitsjen omdat se net ôfhinklik wienen fan de lingte fan in fleanfjild. Twa jier letter kaam [[Curtiss]] mei de earste [[Wetterfleantúch|fleanboat]]. Yn datselde jier waard ek it earste eksperimint diedien mei opstigen fan in skip ôf troch [[Eugene Burton Ely|Eugene Ely]].
 
Hoewol't der eksperimintearre waard mei it ferfier fan post en passazjiers, soe it fleantúch foarearst noch as sport- en stuntapparaat brûkt wurde. Sûnt 1911 begûnen de Europeeske legers har te ynteressearjen foar it fleantúch mei it each op in kommende oarloch, dy't útrinne soe yn de [[Earste Wrâldoarloch]], al konsintrearren de Dútsers har noch lange tiid op de [[Seppelin (loftskip)|Seppelin]]. De Earste Wrâldoarloch wurke yn Europa as in katalysator op de ûntwikkeling fan it militêre fleantúch. Der waard begûn om fleantugen yn te setten as [[Militêre ferkenning|ferkenner]]. Doe't de fijannen dêrnei mei elkoar yn konflikt kamen yn de loft, kaam it [[jachtfleantúch]] yn byld. DitDat krige [[mitrailleur]]s op de motorkape. Troch [[Sikorsky Aircraft Corporation|Sikorsky]] syn eksperiminten mei fjouwermotorige fleantugen waarden grutte [[bommesmiter]]s mooglik. De Britse marine gie fierder mei it opstigen en lannen fan skippen ôf, wat resultearre yn de earste [[Torpedo (wapen)|torpedobommesmiters]].
 
Nei de oarloch kamen in soad fleanders en fleantugen sûnder wurk te sitten. Bommesmiters waarden omboud ta de earste folweardige passazjiersfleantugen om de moeilike neioarlochske jierren troch te kommen. Wylst de passazjiersfleantugen geandewei better waarden, stienen de ûntwikkelingen yn de militêre takke sa goed as stil. Allinnich de loftraces joegen fleantúchbouwers de mooglikheid om nije techniken út te probearen. Ut dizze loftracers ûntstie dan ek de earste nije generaasje jachtfleantugen wêrmei't de [[Twadde Wrâldoarloch]] yngien waard. Ek dizzedy oarloch wurke as in katalysator op de ûntwikkeling.<br>
It [[sweeffleantúch]] waard yn Dútslân ta yn de finesses trochûntwikkele om it [[Frede fan Versailles (1919)|ferdrach fan Versailles]] te ûntdûken. Dêrneist ûntstienen der dûkbommesmiters, nachtjagers en de [[strielmotor]] waard yntrodusearre.
 
Nei de Twadde Wrâldoarloch soarge de wapenwedrin tusken it ûntstiene [[Warsjaupakt]] en de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] ta in bliuwende prikelprikkel om mei nije fleantugen te kommen. De fleantugen moasten heger, snellerflugger en langer yn de loft bliuwe kinne. [[Chuck Yeager]] gie troch de [[lûdsbarriêre]], spionaazjefleantugen fleagen dêrnei oant trije kear sa hurd as it lûd (de [[Lockheed SR-71 (Blackbird)]]. Ek waard mei de yntroduskje fan de [[F-16 Fighting Falcon|F16]] in fleantúch yntrodusearre dat allinnich fleane koe mei help fan in [[kompjûter]], it saneamde [[fly-by-wire]]-prinsipe.
 
Yn dyselde tiid kaam ek it massatoerisme op in de westerske lannen. Net allinnich waarden de passazjiersfleantugen geandewei grutter, lykas de [[Boeing 747]], mar ek sneller, mei as hichtepunt de [[Supersoanyske snelheid|supersoanysk]]e [[Concorde (fleantúch)|Concorde]]. Yn dyselde tiid ûntwikkele him ek de [[Privéjet|privee- of sakejet]], sadat wichtige sakelju net bûn wienen oan fleantiden en krappe fleantugen. Flak foar it úienfallenútienfallen fan it WarschaupaktWarsjaupakt en de [[Sovjet-Uny]] waard de [[Stealth (technyk)|stealth]]-technyk tapast op oare fleantugen as allinnich de spionaazjefleantugen. De ûntwikkeling fan it gefjochtsfleantúch giet sûnt de fal fan it [[kommunisme]] minder hurd. De Europeeske lannen rinne tsjin enoarme ûntwikkelingskosten op, wêrtroch't se mei lijen de [[Eurofighter Typhoon|Eurofighter]] fan de grûntgrûn witte te krijen. Lytsere lannen, lykas Taiwan, Israël, Korea en Sweden witte de holle boppe wetter te hâlden troch it meitsjen fan militêre fleantugen dy't basearre binne op besteande techniken, wylst de kosten foar de Amerikaanske [[Joint Strike Fighter|F-35 Lightning II]] allinnich mar oprinne. Yn de boargerloftfeart geane de ûntwikkelings lykwols troch. Airbus kiest foar grutter mei de dûbeldeks [[Airbus A380|A380]]. Boeing kiest foar sunich en miljeufreonliker mei de [[Boeing 787|787]].
 
{{Commonscat|Aircraft}}