Wallia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 32 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1463732
oanfolling
Rigel 1:
'''Wallia''' wie kening fan de [[Fisigoaten]] tusken [[415]] oant [[418]]. Under syn hearskippij waard it bûnsgenoatskip mei it [[Romeinske Ryk]] fernijd. Yn ruil foar in fêstigingsgebiet gienen de Fisigoaten werom yn Romeinske tsjinst. As generaal oan de side fan de Romeinen makket Wallia in ein oan de bedriging fan de Germaanske folken yn [[Spanje]].
 
== Skiednis ==
Under Wallia waard troch de Fisigoaten frede sletten mei de Westromeinske keizer [[Honorius]]. Hy tekene in fedrach mei de Romeinen en stjoerde [[Galla Plasidia]], de suster fan de keizer dy't troch de Fisigoaten finzen hâlden waard tebek. As beleaning krige hy dêrfoar lân tawiisd yn Galje, wêr't de Fisigoaten harren as bûnsmaten (foederati) fan de Romeinen fêstigje mochten. Troch Wallia waard Tolosa (it hjoeddeiske [[Toulouse]]) as sit foar syn regear makke. De stêd bleau foar de rest fan de [[5e ieu]] haadstêd fan de Fisigoaten.
 
Yn [[418]] fiert hy yn opdracht fan de Romeinen kriich op it [[Ibearysk Skiereilân]]. Hy nimt it op tsjin de dêr oanwêzige Germaanske folken dy't inkele jierren earder it ryk ynkrongen wienen en foar oerlêst soargen. Under syn lieding waarden de [[Silingen|Silingyske Fandalen]] en [[Alanen]] ferneatige en de [[Fandalen]] fan [[Gunderik]] betwongen.
 
De klassike boarnen beskriuwe Wallia as in grut kriisman dy't him as steatsman foarsichtich manifestearre. Hy waard opfolge troch in bûtenechtlike soan fan kening [[Alarik I|Alarik]].
 
== Literatuer ==