Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 12:
 
== De grins ==
De opstân besoarge de Frisii in goeie reputaasje by de oare Germaanske folken. Hja lutsen harren net folle mear oan fan de Romeinen. Groepen Friezen besette lânbougrûn dy't foar soldaten ornearre wie fan [[Rome]]. Ek woene se net út de nije doarpen wei gean dy't se krekt stifte hiene. Yn [[47]] nei Kristus waarden de Friezen op 'en nij ferslein. Diskear troch [[Korbulo]], mar foar in koarte tiid. Fan Korbulo is wis dat er de Frisii yn it ryk besocht op te nimmen. Hy boude in fort yn harren gebiet en yntrodusearre bestjoer yn Romeinske styl. Wer't it fort, nei alle gedachten yn [[castellumkastellum]], stien hat is net bekend. Korbulo waard lykwols wer werom roppen troch [[Klaudius]]. Dy lei de Ryn definityf fêst as grins fan it Romeinske ryk.
 
Yn [[54]] nei Kristus feroverjen de Friezen, op inisjatyf fan [[Ferritus]] en [[Maloriks]], it buffergebiet by de [[Ryn]] lâns. Doe't de Romeinen drigen de legioenen yn te setten om de swette wer frij te meitsjen, waard der in delegaasje nei keizer [[Nero]] stjoerd. Dy delegaasje frege goedkar om it gebiet yn besit te nimmen. Nero wegere dit en hiet de Frisii om de Rynstreek te ûntromjen. Doe't de Frisii har net ferplakten, waarden hja koarte tiid letter troch hynstemannen en helptroepen fuortreage.