Washington, D.C.: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: be:Горад Вашынгтон is een goed artikel; tekstwiziging
Rigel 19:
Webside= [http://www.dc.gov/ www.dc.gov]|
}}
[[FileOfbyld:Washington, D.C. locator map.svg|left|thumb|200px|De lokaasje fan Washington, D.C. yn 'e [[Feriene Steaten]].]]
'''Washington, D.C.''' is de [[haadstêd]] fan de [[Feriene Steaten fan Amearika]]. De ôfkoarting "D.C." stiet foar '''District of Columbia''', de namme fan it spesjale federale distrikt dat yn it libben roppen is foar de Amerikaanske haadstêd, sadat dy net yn ien fan 'e [[Amerikaanske steaten|steaten]] lizze soe. Washington, D.C. is sitewearre oan 'e rivier de [[Potomac (rivier)|Potomac]], ynklamme tusken de steaten [[Firginia]], yn suden en westen, en [[Marylân]], yn it noarden en easten. Yn [[2012]] hie Washington, D.C. rûchwei 630.000 ynwenners, mar yn 'e stêdekloft dêr't it ta heard, dy't teffens dielen fan Firginia, Marylân en [[West-Firginia]] omfettet, wenje likernôch 5,7 miljoen minsken, wylst de gruttere ferstedske sône dêr't û.o. ek [[Baltimore]] ta rekkene wurdt, in befolking hat fan ûngefear 8,4 miljoen.
 
== Steatkundige sitewaasje ==
Sa't yn 'e [[Amerikaanske Grûnwet]] fêstlein is, falt it federale District of Columbia, dat frijwol mei de stêd Washington lykslein wurde kin, ûnder de eksklusive jurisdiksje fan it [[Amerikaanske Kongres]]. Fan gefolgen is Washington, D.C. net fertsjintwurdige yn dat Kongres (dat ommers allinnich de steaten represintearret), en kinne ynwenners fan 'e stêd dus net stimme yn ferkiezings foar de [[Amerikaanske Senaat]] of it [[Hûs fan Offurdigen]], wat in tear punt is foar de measte Washingtonsters. Foarhinne wie it noch minder, mei't de haadstedsjers doe likemin in stim hiene yn 'e ferkiezing fan 'e Amerikaanske presidint.
 
[[FileOfbyld:US Capitol from NW.JPG|left|thumb|200px|It [[Kapitoal]], dêr't it [[Amerikaanske Kongres]] syn sit hat.]]
[[FileOfbyld:WhiteHouseSouthFacade.JPG|left|thumb|200px|It [[Wite Hûs]], de residinsje fan 'e presidint fan 'e [[Feriene Steaten]].]]
Desennialang protteljen oer dy sitewaasje soarge der yn [[1961]] foar dat mei it oannimmen fan it [[Trijeëntweintichste Amendemint op de Amerikaanske Grûnwet|Trijeëntweintichste Amendemint]] de grûnwet sa oanpast waard dat de ynwenners fan Washington tenei ek meidwaan koene oan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings. It haadstedske distrikt bringt dêr sûnt trije kiesmannen foar yn. Boppedat waard yn [[1973]] de saneamde ''[[District of Columbia Home Rule Act|Home Rule Act]]'' fan krêft, dy't derfoar soarge dat Washington, D.C. foar it earst in boargemaster en in gemeenterie krige, en dy't de oerdracht fan beskaat foech regele fan it Kongres nei it nije stedsbestjoer. It Kongres hat lykwols it rjocht holden om alle troch dat stedsbestjoer oannommen wetten te beoardieljen en sa nedich werom te draaien.
 
== Skiednis ==
Troch it oannimmen fan 'e saneamde ''[[Residence Act]]'' besleat it Amerikaanske Kongres, dat oant dy tiid yn [[Philadelphia]] gearkaam, yn [[1790]], om in nije haadstêd bouwe te litten, yn in spesjaal dêrfoar yn it libben roppen federaal distrikt. De steaten Firginia en Marylân stiene dêrta elkmis in stik lân ôf, de al besteande plakken [[Georgetown (Washington, D.C.)|Georgetown]] (Marylân) en [[Alexandria (Firginia)|Alexandria]] (Firginia) ynbegrepen. De eigentlike stifting fan Washington fûn plak yn [[1791]], en de stêd waard neamd nei de earste presidint fan 'e Feriene Steaten, [[George Washington]]. Yn [[1846]] waard it súdlike part fan it District of Columbia, dat û.m. de stêd Alexandria omfette, troch in proses dat de [[Retrosesje fan it District of Columbia|Retrosesje]] neamd wurdt, troch it Kongres weromjûn oan Firginia. Sadwaande leit Washington, D.C. no hast hielendal benoarden de rivier de Potomac.
 
== Funksje ==
Yn Washington, D.C. binne alle trije tûken fan it Amerikaanske federale regear fêstige: it Kongres, de presidint en it [[Amerikaansk Heechgerjochtshôf|Heechgerjochtshôf]]. De fysike skieding fan 'e machten, út it âlde stedsplan fan 1791, kin men noch altiten goed gewaarwurde út 'e stedsyndieling: oan 'e iene kant fan 'e ''[[National Mall]]'' stiet it [[Wite Hûs]], dêr't de presidint as haad fan 'e [[útfierende macht]] syn sit hat, en oan 'e oare kant stiet it [[Kapitoal]], dêr't it Kongres, as [[wetjaande macht]], residearret. Guon fan 'e bekendste Amerikaanske regearingsgebouwen, lykas it [[Pentagon]], dêr't it [[Amerikaansk Ministearje fan Definsje|Amerikaanske Ministearje fan Definsje]] syn sit hat, steane eins bûten it District of Columbia, yn 'e steat Firginia. Njonken regearingsgebouwen binne der yn Washington 176 bûtenlânske [[ambassade]]s fêstige, in grut ferskaat oan haadkertieren fan ynternasjonale organisaasjes, fakbûnen, non-profitorganisaasjes en lobbygroepen, en withoefolle museä en monuminten.
 
Rigel 46:
 
{{Link FA|af}}
{{Link GA|be}}